Omrop Fryslân

25 jier nei ien fan de grutste rampen út de Fryske skiednis: sa seach de ATF-brân derút

De ATF-brân yn Drachten, 25 jier lyn, wie doe de grutste miljeuramp ea yn Fryslân
© Omrop Fryslân
It is ien fan de grutste miljeurampen ea yn Fryslân, mar dochs is de ATF-brân yn it kollektive ûnthâld fuortsakke. De fjoerwurkramp yn Enschede wie in dei letter en luts fanselssprekkend in soad media-omtinken.
Wat barde der op dy freed 12 maaie yn Drachten en hoe seach de jierrenlange neisleep derút?

28 oeren lang bestride

By ôffalferwurker ATF yn Drachten bruts dy dei om 5.00 oere moarns brân út yn in fet, dat yn in loads mei gemyske stoffen stie. De brân like earst ta te fallen, mar ûntwikkele him úteinlik rap.
Dat kaam trochdat kleppen yn de loads net automatysk tichtgien wiene. De blusynstallaasje mei skom, dy't de brân smoare moast, wurke dêrtroch net optimaal.
De brânwacht hat 28 oeren dwaande west mei it bestriden fan de brân. Sa'n 480.000 kilo oan gefaarlik ôffal gie de loft yn.

Gefolgen omjouwing

Hoewol't der al in soad ferlern gie by de brân, hawwe de gefolgen ek nochris lang te fernimmen west.
De grutte swarte reekwolk luts nei it westen ta. Dus moasten boeren oant wol 30 kilometer westlik fan de brân ynienen maatregels nimme.
Molke fan kij dy't ûnder de reekwolken weide hiene, moast ferneatige wurde. Minsken yn de buert mei folkstúntsjes koenen harren ferboude griente net ite.
Alden waard ôfret om harren bern bûtenboartsje te litten.
Sjoch hjirûnder nei âlde bylden en reportaazjes oer de brân:
Alde bylden fan de ATF-brân
Mar in hiel soad boeren hienen gjin nocht oan maatregels lykas it binnensetten fan kij en it apart hâlden fan molke en gers.
Nei in drokke perioade fan kúljen wiene de measten dwerstroch. "Ik kin it my goed yntinke", sei P van der Meer, foarsitter fan de NLTO midden Fryslân yn dy perioade.

Hoe gefaarlik wie de reek no eins?

Nei de tiid kamen ferskate berjochten de wrâld yn oer hoe gefaarlik oft de reek no eins wie.
Yn 2001 sei in wittenskipswinkel yn Grins noch dat der gjin skealike stoffen frijkaam wiene, mar letter docht dochs bliken dat minsken der siik fan wurden binne.
Brânwachtminsken hiene maskers op
© Omrop Fryslân
Yn 2003 melde it plysjebûn dat twa plysjes slim siik wurden binne as gefolch fan de brân fan trije jier dêrfoar.
Nei ferskate ûndersiken fan hûdklachten en klachten oan de luchtwegen waard yn 2007 einliks dúdlik dat de reek yndie giftich wie. Yn elts gefal fjouwer minsken wiene bliuwend siik wurden.

Wa hie skuld?

De skuldfraach fan de brân wie yngewikkeld. Der like op ferskate flakken wat misgongen te wêzen.
Yn 2001 hold de miljeurezjerzje in 45-jierrige meiwurker oan foar flaters by it opslaan fan gefaarlike stoffen. Dy waard lykwols nei trije dagen alwer frijlitten.
De trije doetiidske direkteuren moasten úteinlik wol foar de rjochter ferskine foar brân troch skuld. It proses smiet yn 2007 frijspraak op foar alle trije.
It bedriuw en ien direkteur krigen wol in jildstraf foar it oertrêdzjen fan de miljeuregels.
Dan krige ek de oerheid noch in beskuldiging oan de broek. Ut in geheim rapport die yn 2003 bliken dat de oerheid flaters makke hie by it kontrolearjen op de brânfeiligens.
De reek kaam oer in grut part fan Fryslân hinne
© Omrop Fryslân
Sa wurken de luchtroasters net goed, wêrtroch't it blussen net goed gie.

Nijbou

De hal waard opnij opboud en fjouwer jier letter yn gebrûk naam. De nije hal wie lykwols feiliger boud, neffens Amerikaansk idee. Dêr wiene de feilichheidseasken folle stranger as hjir.
De miljeuramp waard dus op it stuit sels sawat ûndersnijd troch it geweld yn Enschede, mar hat foar ferskate minsken in lange neisleep hân: mear as tolve jier nei de brân ha alle slachtoffers pas in skeafergoeding krigen.
Dat gie om tolve minsken dy't troch de brân en de giftige reek dy't dêrby frijkaam, slim siik wurde binne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.