Omrop Fryslân

Kreatyf yn Goaiïngaryp

Kreatyf yn Goaiïngaryp
By Hayo Blom hinget in apart selsmakke keunstwurkje boppe syn wurkbank. It is eins net in echte wurkbank, mar in omboud heech-leechbêd dêr't syn frou op lei doe't se siik wie.
Blom wie har mantelsoarger. No't se ferline jier ferstoarn is, hat hy in soad tiid om hannen dêr't hy in ynfolling foar siket.
Omdat hy altyd al kreatyf wie, docht hy dêr no in soad mei. Sa makke Blom al in helpmiddel om syn boat makliker skjirje te kinnen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.