Dit is wêrom't Wikipedia De Westereen noch hieltyd Zwaagwesteinde neamt
In "flaterke" op de FNP-kandidatelist bringt in diskusje oer Fryske plaknammen op 'e nij oan it ljocht. Opfallend is dat Wikipedia festhâldt oan de ferâldere Nederlânske stavering fan in soad Fryske plakken.
"Dit is niets minder dan verraad." Ferry van der Ploeg, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Dantumadiel, reagearre dit wykein op in flater yn de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen.
Syn partijgenoaten wennen neffens de list yn Damwoude en Anjum en net yn Damwâld en Eanjum, de offisjele nammen. Yn de Leeuwarder Courant jout it FNP-partijburo ta dat it "in flaterke" wie.
Wikipedia hantearret eigen belied: Nederlânsk liedend
Wa't op Wikipedia siket nei Fryske plakken, fynt ek dêr opfallend genôch faak noch de âlde Nederlânske namme. Wa't siket nei Burgum, komt telâne op in side oer 'Bergum'.
Itselde jildt foar Grou (Grouw) en De Westereen (Zwaagwesteinde). Yn de artikels sels wurdt wol beneamd dat de Fryske stavering offisjeel is, mar boppe de pagina's stiet de Nederlânske namme. Wêrom?
Nederlânske plaknammen krije op de Nederlânsktalige Wikipedia foarrang, of it moat wêze dat dy Nederlânske namme net bestiet. Dus Londen, Berlijn en Parijs en net London, Berlin en Paris.
Foar Fryske doarpen betsjut dit dus dat de stavering fan foar de offisjele nammewizigingen brûkt wurdt. It giet om tsientallen plakken yn ús provinsje.
"Huidige beleid idioot" tsjinoer "Jammer voor die frisofielen"
De diskusje oer dit belied fan Wikipedia spilet by bydragers oan dy webside al mear as tsien jier. Yn 2020 komt it ta in útbarsting op it oerlisplatfoarm fan Wikipeida.
In tsjinstanner fan it belied skriuwt: "Het huidige beleid is sterk verouderd en zo langzamerhand toch wel idioot te noemen."
Neffens him liedt it brûken fan âlde nammen ta praktyske problemen: flaters yn navigaasje, betizing by postadressen, en mislieding fan de lêzer. "Ik merk dat ik mensen er regelmatig op moet wijzen dat Wikipedia op dit punt niet betrouwbaar is."
Mar net elkenien tinkt der sa oer. Brûker Madyno reagearret koart mar krêftich: "Jammer voor die frisofielen, maar ja, dit is wel Nederland."
Der komt úteinlik gjin mearderheid foar feroaring fan it belied.
Tsjinstanners wize nei de saneamde BAN-list fan de Taalunie (Buitenlandse Afkortingen Namen). Dat is in ynventaris fan Nederlânske nammen foar bûtenlânske plakken.
Fryske doarpen stean dêr op syn Hollânsk en op syn Frysk fermeld, wêrby't de offisjele namme fetdrukt is.
Taalunie
Opfallend is dat de Taalunie yn dy list hielendal gjin stânpunt ynnimt yn de kar foar de Fryske of de Nederlânske fariant: "De keuze voor het gebruik van de Nederlandse naam of voor de plaatselijke naam is vrij."
De organisaasje beklammet dat de list gjin wet is, mar in helpmiddel.
"Uiteraard erkent de Taalunie de geldigheid van de Friese namen en wordt in de BAN-lijst daarom ook aangegeven wat de officiële namen zijn. Voor Friese plaatsen worden de officiële namen zelfs vetgedrukt weergegeven."
Salang't Wikipedia-brûkers it hjoeddeistich nammebelied stypje, feroaret der neat oan de Nederlânske stavering en bliuwe Damwâld en Eanjum op Wikipedia Damwoude en Anjum.