Omrop Fryslân

Hoe giet it no mei de 44 katten dy't út Limboarch wei nei Fryslân brocht binne?

De opfang dêr't de katten sitte
© Omrop Fryslân
De 44 katten út Limboarch dy't ôfrûne tiisdei nei Fryslân brocht binne, hawwe ûnderdak fûn by Kat in Nood yn Drachtsterkompenije. De bisten waarden fûn op in camping by Venray dêr't 180 arbeidsmigranten yllegaal ferbleaune.
Yn totaal waarden mear as fyftich katten fûn. In lyts part dêrfan koe ûnderbrocht wurde op adressen yn Limboarch, mar foar de rest wie dêr gjin plak. Yntusken rinne de bisten yn Drachtsterkompanije om, fertelt Jolanda Prins fan Kat in Nood. "Dy kinne no rêstich bykomme en genôch ite."
By binnenkomst waarden de katten earst kontrolearre. "We woene de geslachten witte, in leeftiidsskatting meitsje en sjen hokker medyske problemen oft se ha", seit Prins.
Kat in Nood is in organisaasje dy't ûnderdak biedt oan katten dy't dreech opnij te pleatsen binne. De stichting hat ek in medysk sintrum om katten yn need te helpen.
Jolanda Prins, Kat in Nood
© Omrop Fryslân
De measte katten blieken sosjaal, mar guon liken lêst te hawwen fan myt en oare ûngedierte. Der foel noch wat op. "Se dronken in hiel soad", fertelt Prins. "Nei alle gedachten komt trochdat se altyd op beton libbe hawwe en net folle wetteroanbod hiene. Dochs binne it dingen om alert op te bliuwen."

Minne omstannichheden

De omstannichheden yn Limboarch wiene gjin lúkse. De katten libben bûten, krigen min te iten en te drinken en hiene net folle skûlplakken. De iene kat sjocht der dan ek better út as de oare.
"Ik tink wol dat de katten goed behannele binne en yn goede hannen wiene", fertelt Prins. "Mar in grutte groep op in grut terrein mei net folle oanbod fan iten, wurde kondisjoneel gewoan min. Se binne meager en kinne wol wat ekstra's brûke."
Jolanda Prins mei in ferswakke kat
© Omrop Fryslân
De opfang hat genôch plak foar in tydlike opfang, mar yn ferbân mei ynfeksjes kin it gefaarlik wurde. "Wy besykje se earne oars ûnder te bringen", seit Prins. "In part is yntusken by gastgesinnen. Ek binne der in tal oare asilen dy't oanjûn hawwe om katten op te nimmen en dy hawwe dat yntusken dien."
De opfang hat in oantal fêste gastgesinnen, wêrtroch't it opfangen makliker wurdt. "Wy hawwe in groep fanatike gesinnen dy't ús simmers bystean mei nije katten. Dy hiene noch romte."
Hoe giet it no fierder mei de 52 katten?
As de bisten sûn en sterk genôch binne, kinne se op syk gean nei in nij baaske. "Dit sil dripke by dripke gean. Dan komme se op de webside telâne en hoopje we dat minsken in nij hûs oanbiede."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.