Wêrom sa benaud foar 'betize' minsken? In earm om de skouder wurket better
"Ik fielde my ferbûn mei de kosmos, as wie ik part fan wat grutters. Wat der krekt yn 'e holle barde, is dreech te omskriuwen. Dat fielde hiel goed. Mar ik begryp ek goed dat alles wat ik sis nuver klinkt."
Sjoerd-Klaas Steegstra wit it noch krekt. Hy wie noch mar amper begûn oan syn stúdzje oan de PABO by NHL Stenden yn Ljouwert.
Doe rekke Sjoerd Klaas yn in psygoaze.
Dit soarte fan ynsidinten lykje hieltyd faker foar te kommen.
Hast alle dagen lêze je yn de media wol berjochten dat in saneamd 'betize' persoan, of ien mei ûnbegrepen gedrach, foar oerlêst soarge hat. Of slimmer: in gefaarlike situaasje.
De plysje moat faak yngripe, geregeld ek mei geweld. Se krije hieltyd mear meldingen binnen en fine dat it kabinet mear jild beskikber stelle moat oan de ggz.
Sjoerd-Klaas Steegstra waard ferskate kearen opnaam yn in ggz-ynstelling. No helpt hy minsken dy't ûnbegrepen gedrach fertoane, minsken dy't betize binne. Psygoazen binne net grizelich, seit Steegstra.
"Op de earste lesoere fan de earste fan de nije moanne hie ik offisjeel 'godsdienstige vormgeving' fan dosint Jaap", fertelt Sjoerd-Klaas Steegstra oer ien fan syn psygoazen.
Hurdrinne foar plak 2
"Jaap ried yn in Saab mei in bepaalde kleur. Op in gegeven momint kaam ik dêrtroch ta de oertsjûging dat ik meidwaan moast oan in hurdrinwedstriid en dêr twadde wurde moast. Ik seach dêr de logika fan."
De ympakt op Steegstra wie grut. Mar foar oerlêst soarge syn situaasje net fuort.
Dat is yn de measte gefallen sa, seit Nynke Boonstra. Sy wurket as lektor 'Soarch en ynnovaasje yn de psychiatry' aan hegeskoalle NHL Stenden en is bestjoerder by ggz-organisaasje KieN.
Wês net benaud
De werklikheid liket oars. De plysje seit alle jierren 150.000 meldingen te krijen fan minsken dy't betize binne of ûnbegrepen gedrach fertoane.
It giet om saneamde E33-meldingen. De plysje hat syn nocht. It kostet de aginten tefolle tiid, sa klonk de needgjalp begjin dit jier.
Boonstra kin dy lanlike meldingen lykwols net pleatse. "We sjogge se net werom yn de psychiatry."
Sy fynt dat ek oars sjoen wurde moat nei dizze groep minsken, mar dat it begjint mei begryp.
"Je hoege net fuort benaud te wêzen", seit se.
De sifers
De Fryske plysje krige ferline jier 5.787 meldingen fan minsken dy't betize of ûnbegrepen gedrach fertoanden. Yn de earste trije moannen fan dit jier moast de plysje 1.469 kear op in melding ôf.
Lit it helder wêze: Boonstra sjocht ek dat de plysje it drok hat mei dy meldings. De sifers sizze allinnich net safolle.
"Je hawwe allinnich al mear ynformaasje nedich om te sjen nei oplossingen."
Helpe troch te harkjen
Sa is der mar in lyts groepke minsken dat echt 'trochdraait'. It kin by sa'n selde plysjemelding ek gean om in demint persoan dy't it paad bjuster is.
Of ien dy't folslein oerémus is om't de leafdesrelaasje ferbrutsen is of om't ien fanwegen betellingsproblemen op strjitte set wurdt.
"Je kinne ien somtiden al helpe troch gewoan te harkjen", seit Boonstra.
"It binne ek gewoane minsken, as do ek ik. Je sogge it net oan de bûtenkant", seit psychiater Kor Spoelstra.
Hy wurket as genêshear-direkteur by Verslavingszorg Noord-Nederland en jout ek les oan NHL Stenden.
Hy sjocht krekt as Boonstra dat in ferskaat oan saken derfoar soargje kin dat der by minsken wat brekt. Spoelstra sjocht it as in hegedrukpanne dy't ynienen leechrint.
"It is somtiden in steapeling fan stressfaktoaren. Mar ek ûnder ynfloed fan drugs, of dat der samar wat knapt."
NHL Stenden
Op NHL Stenden wurdt ûndersyk dien nei hoe't je effektyf yngripe kinne by minsken dy't psychysk kwetsber binne. De measte psychyske problemen ûntsteane om it 20e libbensjier hinne.
Heechlearaar Nynke Boonstra docht dêr al in skoftke ûndersyk nei. Sy promovearre op ûndersyk nei psychyske kwetsberheid by jongelju.
Boonstra hat op de skoalle it 'Atelier Studiesucces en Studentwelzijn' opset. Studinten kinne dêr mei leeftiidsgenoaten prate oer wêr't se tsjinoan rinne.
It binne faak minsken dy't ek troch omstanners holpen wurde kinne. It harkjend ear, sa't Nynke Boonstra it sei, is der ien.
"Je moatte kontakt meitsje", seit ek Spoelstra. Mar hoe en wat krekt, dat is dreech. "It hinget fan de kontekst ôf."
De measte minsken mei ûnbegrepen gedrach binne just slachtoffer fan in situaasje, seit Spoelstra. "Ut ûndersyk witte we dat dy groep 14 kear sa grut is."
De eangst foar ûnbegrepen gedrach moat ek út de mienskip, fynt Boonstra.
"It heart ek by it libben. Dêr moatst net benaud foar wêze. Eltsenien hat it wolris."
Wat foar in oar dwaan
Dêrom soe it goed wêze as minsken, en de mienskip, wat mear wer yn kontakt komme mei oaren, mei de omjouwing.
"Dat je wat foar in oar dwaan kinne. Dat is ek wol nedich", seit Boonstra. "De ôfhinklikens fan soarchferlieners wurdt grutter, mar der binne minder."
Sjoch minsken, is dan ek har boadskip. "Dat kinne we hjir yn Fryslân seker, dy ambysje moatte we hawwe. Hjir is each foar inoar."
Ik haw in hbo-diploma yn it gek wêzen.
Werom nei Sjoerd-Klaas Steegstra. Hy moast ferskate psychoazen trochmeitsje foar't hy de goede medikaasje krige.
Wat him it meast holp, is dat hy yn de klinyk minsken tsjinkaam dy't itselde trochmakken. "Je witte dan dat je net allinnich binne. Dêr ûntstie foar my in iepenheid dy't ik nedich hie."
As puber hie er al kontakt mei de ggz. "Dêr prate je net oer."
Psychiatry as ûnderdiel fan it libben
"Psychiatry oerkomt in hiel soad minsken. Je moatte it sjen as ûnderdiel fan it libben. Hoe kin it dat minsken har der noch hieltyd foar skamje?", freget Steegstra him fertwivele ôf.
Hy wit it wol. "It oerkomt je, mar je kinne der ek goed fan werstelle. Je moatte der tiid foar meitsje om te sjen wêr't it weikomt. Mei iepenheid en de goede minsken om je hinne kinne je der útkomme."
Hy set syn ûnderfining no yn de praktyk yn. Steegstra folge in oplieding oan de Hanzehogeschool yn Grins.
Hy is no ûnderfiningssaakkundige Soarch en Wolwêzen. "Ik ha in hbo-diploma yn it gek wêzen."
Steegstra hopet mei de oplieding in brêge bouwe te kinnen tusken helpferliening en kliïnten.
"Dat is ek faak de klacht, dat der in gat field wurdt nei de helpferliening ta. Dat helpferlieners alles út in boekje dogge, mar net witte wat it echt is."
Oardielje net te gau
It boadskip fan Sjoerd-Klaas Steegstra is helder: net te gau oardielje. "It oerkomt safolle minsken. Do kinst it ek wêze."