Werkhaven op Skylge moat ticht, kâns op sinkholes oan Willem Barentszkade
De gemeente Skylge slút de Werkhaven op it eilân mei yngong fan 1 maaie ôf. Ut resint ûndersyk docht bliken dat de kade yn hiele minne steat is.
De kade is 56 jier âld en fertoant earnstige slitaazje, neffens de gemeente Skylge. Hoewol't de folsleine renovaasje pas yn 2027 of 2028 úteinset, binne de maatregels no al nedich.
Maatregel hat grutte ympakt
In soad ûndernimmers meitsje eltse dei gebrûk fan de Werkhaven. De gemeente Skylge is dêrom yn oerlis mei Rykswettersteat en de belutsen gebrûkers oer alternative oanlisplakken.
"We zorgen dat ondernemers te allen tijde gewoon door kunnen blijven gaan. Voor hen heeft deze maatregel een groot effect", seit wethâlder Bert Wassink.
"Daarom gaan we nu alvast persoonlijk met hen in gesprek. We zoeken samen naar een oplossing die zo min mogelijk overlast veroorzaakt."
Ek op de Willem Barentszkade binne maatregels nedich. Dêr bliuwe fuotgongers en ferkear foarearst wolkom, nettsjinsteande sinkholes yn it kuierpaad.
Om de feiligens te garandearjen, leit de gemeente letter dit jier in houten rinflonder oan fan it Veerhavenplein ôf oant de earste steger.
Ferferoarmings yn de gaten hâlde
De gemeente begjint mei aktive monitoaring fan beide lokaasjes om bewegings en ferfoarmings yn de gaten te hâlden. Op tiisdei 22 april nimt it kolleezje in offisjeel beslút oer de foarstelde maatregels.
Yntusken wurket de gemeente oan plannen foar de ferfanging en renovaasje fan beide lokaasjes. De farianten wurde foar de simmer fan 2025 dield mei bewenners en ûndernimmers.
Ein 2025 wurdt it beslút oan de gemeenteried foarlein, sadat de útfiering yn 2027 of 2028 úteinsette kin.