Omrop Fryslân

Hearrenfeanspiler Braude stiet net op orizjinele plak: "Ik fiel my noch altiten middenfjilder"

Oliver Braude mei de bal oan de foet
© Orange Pictures
Allinnich yn de alderearste kompetysjewedstriid tsjin Ajax siet Oliver Braude op de reservebank, sûnt doe hat it talint fan sc Hearrenfean alles spile. Hy sit op syn plak yn Fryslân: "Hearrenfean fielt foar my mear as thús as Noarwegen."
Braude spilet al sûnt 2021 yn Fryslân. Hy kaam doedestiids oer út de jeugdoplieding fan it Noarske Vålerenga.
Yntusken is de jonge Noar net mear fuort te tinken út de basisalve fan sc Hearrenfean. Benammen nei de winterstop makket de ferdigener yndruk.
"Ik haw fertrouwen yn mysels en ik wit wat ik wol en net kin", seit Braude. "Boppedat haw ik wat mear yn 'e sportskoalle sitten en bin ik fysyk in stik sterker wurden. En ik pak minder giele kaarten, miskien dat ik dus wat folwoeksener wurden bin."

Net op syn eigen posysje

Braude krige ûnder âld-trainer Kees van Wonderen in basisplak as rjochterferdigener, wylst hy fan orizjine in middenfjilder is.
"Doe't ik de oerstap makke fan Vålerenga nei Hearrenfean wie ik in echte nûmer 10", seit Braude. "Ik haw myn hiele libben eins op it middenfjild stien. Pas twa jier lyn bin ik in liny nei achteren gien."
Braude yn aksje tsjin âld-Hearrenfeanspiler Michel Vlap
© Orange Pictures
Ald trainer Foppe de Haan is ûnder de yndruk fan Oliver Braude en tinkt dat de Noar noch mear ta syn rjocht komt op it middenfjild.
"Ik wit dat Foppe de Haan my it leafst op it middenfjild sjocht", fertelt Braude.
"Mar op dit momint fokusje ik my op de rjochtsbackposysje, Ek by jong Noarwegen fuotbalje ik op dy posysje. Ik tink earlik sein dat ik dêr ek better ta myn rjocht kom. Al fiel ik my noch wol altiten middenfjilder."

Sparta - Hearrenfean by Omrop Fryslân

De wedstriid Sparta Rotterdam - sc Hearrenfean begjint sneontejûn om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
En dan binne der noch dy gatten yn syn fuotbalsokken. Sûnt dit seizoen knipt ek Braude syn sokken op guon plakken iepen.
Grutte spilers as Jude Bellingham, Kyle Walker en Xavi Simons dogge dat ek. Se dogge dit om foar te kommen dat se kramp krije.
"Ferline seizoen moast ik hiel bot wenne oan it hege nivo en it tempo. Ik krige doe in soad lêst fan kramp. En doe hearde ik fan oare spilers dat dy gatten yn 'e sokken knipten. Doe tocht ik, wêrom ek net! Mar ik brûk wol altiten deselde sokken."

Thús op It Hearrenfean

Braude wennet no fjouwer jier yn Fryslân en syn kontrakt rint nei dit seizoen noch twa jier troch.
"It fielt hjir hast mear as thús as yn Noarwegen", seit Braude.
"Der bart hjir yn Hearrenfean net in soad, mar dat is ek wol lekker rêstich. Ik bin hjir úteinlik nei ta kaam om te fuotbaljen, dat is it belangrykste."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.