Omrop Fryslân

Soargen om jonge bern nei bistemishanneling: "It is foar my in reade flagge"

Ofrûne wykein waard in kat mishannele op It Hearrenfean
© ANP/Shutterstock (True Pixel Art)
Bistemishanneling troch bern is "in reade flagge". Dat seit bernepsycholooch Geeske Hospes fan De Jouwer. Neffens har is it reden om soargen te hawwen oer de thússituaasje fan in bern.
Ofrûne wykein waard in kat mishannele op It Hearrenfean, doe't in groepke bern de kat oerskopten en mei stokken sloegen. De bern wiene tusken de 8 en 10 jier âld.
It is net de earste kear dat soks bart, fertelde Annemay Bock fan de biste-ambulânse earder al. Neffens har komme der faker meldingen binnen fan bistemishanneling.
Mar wêrom docht in bern soks? Bernepsycholooch Geeske Hospes neamt it "hiel luguber".
"Bistemishanneling is foar my echt in reade flagge. It is in teken dat der eat mis is yn de ûntwikkeling fan it bern en dat help nedich is."

Bern kopiearje gedrach

"Op dizze leeftiid kopiearje bern gedrach", leit Hospes út. "Se binne hiel jong en dan dogge se faak dingen dy't se al sjoen hawwe. We witte fansels net oft it yn dizze situaasje sa is, mar ik fyn it wol in bytsje aaklik."
Dy eangst basearret Hospes op de sifers: "70 prosint fan de gefallen fan bistemishanneling hat in link mei húslik geweld."
Bernepsycholooch Geeske Hospes
© Eigen foto
As bern âlder binne as 6,5 jier en dit dogge, dan wurdt sa'n foarfal sjoen as mishanneling. "Oant dy leeftiid is in bern kognityf net yn steat om te witten dat in bist pine hat", seit Hospes. "Mar dizze bern dus wol."
Wylst Hospes it "echt net normaal" fynt, mient se wol dat de bern op sa'n jonge leeftiid noch net folle oan te rekkenjen is.
"Op dy leeftiid moatte de harsens noch rypje. Se witte noch net krekt fan oarsaak en gefolch; kin dit wol of kin dit net? Sjoch mar nei wat lytse bern dogge as in kat klaut, dan slacht it bern werom."
Do witst net wat sokke bern meimeitsje thús.
Hospes fynt dat we foarsichtich wêze moatte mei it oanpakken fan jonge bern
Neffens Hospes soe it goed wêze om de bern net te hurd te feroardieljen. "It kin wêze dat se thús wat ûnderfine en dat ôfreagearje op wat oars. Se binne noch sa jong en ha noch in hiele takomst foar har. Der kin noch wat oan dien wurde no. It is oan ús as folwoeksenen om dat te stjoeren."
Se docht dêrom in oprop: "Tink om it feroardieljen, wês dêr foarsichtich mei. We hawwe it hjir oer hiel jonge bern en do witst net wat sokke bern meimeitsje thús."

Gjin leafde foar it bist

Húslik geweld is lykwols net de iennichste reden foar bistemishanneling troch bern.
"De redenen kinne hiel ferskillend wêze, somtiden kinne bern bang wêze foar in bist, mar ek stoer wêze spilet yn grutte rol: 'Sjoch ris wat ik kin.' Mei in groepke hast dan ek noch te krijen mei groepsdruk."
In bern nimt gedrach fan thús oer
© Shutterstock (KieferPix)
"Mar it kin ek gewoan ferfeling wêze", giet Hospes fierder. "Werom meitsje bern dingen stikken? As bern harren ferfele, wurde se bytiden ek baldadich of dogge se gekke dingen."
"Dizze bern op It Hearrenfean hawwe earst út skrik sein dat se it net dien ha. Dat wiist op in skuldgefoel. Dus se hawwe wol in skuldgefoel ûntwikkele. Dat is posityf."
Hospes konkludearret dat bern dy't soksoarte dingen dogge faaks sels net opgroeid binne mei in bist: "Dan dochst soks nea. Dizze bern hawwe gjin leafde foar it bist."

Krúsjale foarbyldrol

Hospes is fan miening dat it oan de âlders is om dit gedrach te ferhelpen. "Ofleare hat mei opfieding te krijen. As jonge bern elkoar bite, seist dat se it net dwaan meie. Itselde jildt by bisten."
"Do moast opfiede hoe't se dermei omgean moatte. Alden ha hjir in krúsjale foarbyldrol yn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.