Omrop Fryslân

Twa wiken oan strieljagers boppe Fryslân: "Bliid dat it foarby is"

Ramstein Flag
© Klaas Koopmans
De rêst is werom yn it loftrom boppe Fryslân. De NAVO-oefening Ramstein Flag is klear, de dielnimmers binne tefreden nei hûs. Omwenners binne bliid: se kinne de telefyzje wer hearre.
Mar ek sy jouwe ta: de oerlêst foel ta. "As ik hiel earlik bin, hie ik it slimmer ferwachte", seit Albert Sinnema. Hy wennet yn Jelsum, flak ûnder de oan- en útfleanrûte fan de fleanbasis. Fanwegen de wynrjochting gie de start by Sinnema oer it hûs.
"It earste oere wie lûd, mar guon tastellen foelen ek ta. Dy meitsje minder leven as de F-35. Dy springt der echt út."
Albert Sinnema foar syn hûs by de earste jûn fan Ramstein Flag
© Omrop Fryslân
De telefyzje op dat momint oandwaan hie gjin doel, want in programma goed folgje wie ûnmooglik.
Mar dochs, de bern ha aardich sliepe kinnen: "Dat is frij reedlik gien. Se sieten doe yn har earste sliep en se sliepten der hast allegear trochhinne. Dêr binne we bliid om."

Fleantúchjes telle

Dat lûd komt ek út Marsum. Geert Verf, de Marsumer dy't alles wit fan de fleanbasis en lûdsoerlêst, krige ek al te hearren dat de bern yn it doarp aardich sliept ha. "En as se wol wekker waarden, ha se fleantúchjes teld."
Dizze lannen dienen mei fanôf de basis yn Ljouwert
© Omrop Fryslân
It tal klachten dat by Definsje binnenkaam is, is neffens in wurdfierder beheind. Eksakte sifers binne der noch net, mar it binne der om de 100 hinne. "Ik moet dat nog analyseren. Misschien dat mensen het iets meer accepteren omdat ze ook zien dat de noodzaak er is."

NAVO tefreden

De lieding fan de oefening is ek tefreden. De heechste baas fan it NAVO-loftkommando, James Hecker, lit witte dat de grinzen opsocht binne om de slachkrêft fan de NAVO te fergrutsjen. In belangryk doel, it ferbetterjen fan de gearwurking en fan inoar leare, is dêrby ek goed slagge.
Sa fûnen omwenners Ramstein Flag
Dêrmei is ek in oar doel behelle. Premier Dick Schoof en Minister fan Definsje Ruben Brekelmans fertelden dêr earder by Omrop Fryslân al wat oer: de Russen sjen litte dat de NAVO sterk stiet, dat Nederlân mei santjin oare lannen in fûst meitsje kin en rap yngripe kin as it moat.
It feit dat omwenners mear oerlêst ferwachte hienen en dat it in bytsje tafoel, moat foar Definsje gjin frijbrief wêze, seit Albert Sinnema fan Jelsum.
Geert Verf fan doarpsbelang Marsum
© Omrop Fryslân
Hy beklammet dat Definsje no net tinke moat dat sokke oefeningen altyd yn Ljouwert organisearre wurde kinne. "We moatte wol kritysk sjen oft it nedich is oft de oefening net earne oars syn beslach krije kin."

Oare kear midden yn de winter?

Verf is it dêr folslein mei iens. Hy wol de kommende dagen mei de doarpen en de fleanbasis evaluearje en sjen wat oars en better kin.
Wat him oanbelanget wurdt der dan sa djip mooglik yn de winter flein, want dan is de needsaak om jûns let te fleanen minder grut. De fleaners wolle graach yn it tsjuster oefenje en dat kin midden yn de winter al oan de ein fan de middei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.