Omrop Fryslân

Beatrix Mirosch betocht yn nije muzyk fan De Kast

Syb van der Ploeg & Sytse Broersma fan de Kast
© Omrop Fryslân
Se wie noch mar seis jier âld doe't de Dútsers har yn 1944 weinaam hiene. Mei har famylje reizge Beatrix Mirosch as bern troch Fryslân, oant se oppakt en deportearre waard.
Har namme wurdt eare mei in stroffelstien oan de râne fan Holwert, wêr't se op 5 febrewaris 1938 berne waard. Dat is lykwols net de iennichste wize dêr't Beatrix Mosch op betocht wurde sil.
Sytse Broersma fan de band De Kast skreau de tekst foar it nûmer Blomke op 'e klaai, wylst Syb van der Ploeg de muzyk mei komponearre.
Ut respekt foar de famylje fan Beatrix liet Sytse it nûmer earst hearre oan Annie Mirosch, in famyljelid.
Beatrix Mirosch betocht yn nije muzyk fan De Kast
Hy woe der wis fan wêze dat it liet gjinien kwetse soe. Aldergeloks fûn Annie it prachtich en joech har tastimming foar it ferske.
It ferhaal fan Beatrix rekke Broersma djip. As berne Fries út Reitsum, net fier fan Holwert, fielde er in sterke ferbining mei har skiednis.
"Ik kin net befetsje wat Beatrix en har famylje oandien is", seit er.
Van der Ploeg follet oan: "Nimmen hat it rjocht om oer it libben fan in oar te beskikken."
De titel fan it liet ferwiist nei in koweblomke dat groeit op 'e klaai: in symboal fan hoop, nettsjinsteande de grouweldieden dy't bard binne.
Stroffelstien Holwerd
© Omrop Fryslân
Beatrix waard yn 1944 mei har famylje deportearre nei Auschwitz doe't de grutte 'Sigeunerrazzia' geande wie. Dêrby waarden 578 Sinti en Roma weifierd.
Yn augustus fan dat jier waard se yn it kamp fermoarde, lykas har mem en susters.
Har heit waard nei in oar kamp brocht, dêr't er mar in pear moanne oerlibbe. De jonges út it gesin wisten wol te ûntkommen, om't se harren ferstoppe koenen.
Trije dochters fan de famylje Mirosch
© De oorlog een gezicht gegeven
Dizze wike presintearre De Kast it liet Blomke op 'e klaai yn Kampen as ûnderdiel fan it projekt Stroffelstiennen yn muzyk.
Yn oparbeidzjen mei tolve artysten út alle regio's fan Nederlân brochten sy dit muzikale earbetoan. De Kast sil ek wer spylje op befrijingsfestivals, sa't se dat earder ek altyd dienen.

Struikelstenen in muziek

'Struikelstenen in Muziek' wie al yn 2023 in muzikaal en byldzjend monumint foar de slachtoffers dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e stêd Kampen foelen.
Inisjatyfnimmer Marco Hulsebos hat it projekt dit jier útrôle nei alle provinsjes fan Nederlân. Elke streek leveret in artyst en foar Fryslân docht De Kast mei.
Neffens Van der Ploeg is it wichtich om dizze ferhalen troch te fertellen.
"Soks kin barre as minsken útsletten wurde. Op ien of oare wize fiele dizze ferhalen no noch tichterby. Wy moatte deroan tinke en wach wêze", beslút Van der Ploeg.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.