Studinten fertelle ferhalen fan Joadske slachtoffers: “Zijn vrouw heeft hem verraden”
Studinten fan mbû-skoalle Firda meitsje in bysûndere tocht troch de Joadske wyk yn Ljouwert. Se stean stil by huzen dêr't Joadske ynwenners yn de Twadde Wrâldoarloch fuortfierd binne.
Se dogge it as tarieding op harren besite oan Auschwitz takom moanne. De studinten hawwe ûndersyk dien nei de minsken dy't hjir wenne ha en bringe de ferhalen ta libben troch se mei harren klassegenoaten te dielen.
Persoanlike ferhalen
"It helpt je echt mei in byld te krijen by de persoan en je yn te libjen yn dy minsken", seit Brecht, ien fan de studinten. Sy hat ûndersocht wa't Heiman Krammer wie, in Joadske man út Ljouwert.
"Hy is hjir berne en is op 4 maaie 1943 nei Sobibor ôffierd mei syn hiele hûshâlden. Hy hie in frou en fjouwer bern. Net folle letter is hy dêr ombrocht op in ferskriklike manier. Mar it wie in hiele nijsgjirrige manier om ien kenne te learen dy't der no al lang net mear is."
In oare studint, Silco, ûndersocht it ferhaal fan Jacob Valk. "Hij is 33 jaar geworden. Hij woonde hier en is geboren hier in Leeuwarden en hij is in Mauthausen geëxecuteerd."
Ek hy koe mear fine oer it persoanlike libben fan Valk. "Zijn moeder is overleden toen hij drie jaar oud was. Daardoor is hij bij zijn oom en tante gaan wonen. Op een oudere leeftijd wilde hij dat niet meer, en wilde hij terug naar zijn vader. Hij is toen van Groningen naar Leeuwarden gelopen."
"Daarna is hij getrouwd met een niet-Joodse vrouw, met wie hij zeven kinderen heeft gekregen. Maar zijn vrouw heeft hem uiteindelijk verraden."
Studinten fertelle ferhalen fan Joadske slachtoffers: “Zijn vrouw heeft hem verraden”
Neffens Jeroen Jaasma, dosint fan Firda, is it fan belang dat de persoanlike ferhalen ferteld wurde.
"Je hebt het niet over de grote aantallen slachtoffers. Dit zijn individuen en daardoor krijgt het een gezicht, het krijgt een eigen verhaal. Daardoor raken de studenten meer betrokken bij het verhaal zelf en gaat het voor hen meer leven."
De studinten binne it dermei iens, de ferhalen meitsje in djippe yndruk op harren.
"Doe't wy de opdracht krigen tocht ik dat ik my net foarstelle koe hoe't ien dat belibbe hat. Mar no't ik safolle deroer lêzen ha en sa folle ûndersocht ha, begjin ik in bytsje te fernimmen hoe't dyjinge him field hat yn dy tiid", seit Brecht.
Ik vind het belangrijk dat we de kans zo klein mogelijk kunnen maken dat het nog een keer gebeurt.
Jaasma ûnderstreket it belang fan it stilstean by de oarloch. "De ooggetuige zijn nu grotendeels al overleden of dik in de negentig. Dus het is aan ons eigenlijk om die verhalen te blijven vertellen. Dan is het aan onze generatie om te bepalen van hoe willen we deze verhalen eigenlijk vertellen", fertelt hy.
"Ik denk dat dit een mooie, indrukwekkende en krachtige manier is om te blijven vertellen van wat is er in de oorlog is gebeurd."
Oantinken fan grut belang
Neffens de studinten is oantinken fan de oarloch ek fan grut belang. "Ik vind het belangrijk dat we de kans zo klein mogelijk kunnen maken dat het nog een keer gebeurt. Als iedereen weet hoe erg het was, dan gaat iedereen er hopelijk ook voor zorgen dat het niet nog een keer kan gebeuren", seit Silco.
De tocht troch Ljouwert is in tarieding op in besite oan it konsintraasjekamp Auschwitz. Jaasma fynt it wichtig dat de studinten dêr hinne geanne.
"Ik vind dat het moet, we mogen niet vergeten wat er toen gebeurd is. We zien vandaag de dag dat autocratische leiders naar voren komen en dat er minder waarde voor democratie is. Ik denk dat dit project en wat er toen is gebeurd, laat met uitstek zien wat er kan gebeuren als je haat, racisme en discriminatie de ruimte geeft", seit Jaasma.
"Ik vind het goed dat jongeren zich ervan bewust zijn waar het toe kan leiden, Auschwitz is daarin het meest heftige en extreme voorbeeld wat er eigenlijk in te bedenken is."