HEA! Kleur en fertriet achter in blauwe doar
HEA! Boppe de bank
De reden om by Nynke de Jong yn Harns oan te beljen is dat har hûs nochal opfalt mei syn blauwe kleur. Nynke hâldt fan kleur en dat is binnen goed te sjen. Op it stuit sit se siik thús. It is in ûnwisse en spannende tiid foar har.
Nynke hat boarstkanker en is al in pear moanne thús. Se hat in operaasje hân en wurdt bestriele. De iene dei is de oare net, mar se giet stadich troch. Famylje helpt har dêr't dat kin. Sa besiket Nynke alle dagen wer om de kleur en fleur deryn te hâlden.