Omrop Fryslân

Taksysjauffeurs wegerje koarte ritten: "Ik kaam in gûlend famke tsjin"

Taksysjauffeurs wegerje koarte ritten
© Omrop Fryslân
Taksysjauffeurs op it Saailân yn Ljouwert wegerje nachts koarte ritten, omdat se dan minder jild fertsjinje. De frustraasje is grut by stappers en kollegataksys.
Dat docht bliken út in rûngong fan Yung Frysk.
Alle wykeinen stean fyftjin oant tweintich taksys yn de rige op it Saailân om stappers wer thús te bringen. Mar it komt geregeld foar dat se wegere wurde as de bestimming 'te tichteby' is.

Yung Frysk

Yung Frysk is it taalpromoasjeprojekt fan Afûk en Omrop Fryslân. Studinten meitsje filmkes foar sosjale media mei as doel om jongelju entûsjast te meitsjen oer it Frysk.
Dizze koarte taksyritten smite de taksysjauffeur nammentlik minder jild op. As se de rit wol akseptearje, dan moat de taksy nei ôfrin efteroan yn de rige foar it Saailân oanslute.
It kin dan in hiel skoft duorje foardat der wer in klant ynstapt.
"Ja, zeker weten worden we geweigerd. Dan is het te goedkoop voor ze", fertelt in jonge oan Yung Frysk. "Ja, ze weigeren", seit wer in oar. "want ze willen lange ritten."

Gûlende froulju

Mouayad Massri fan Taxi Station werkent it probleem: "Ik trof een jonge dame huilend aan op de trap van het gerechtsgebouw", fertelt er.
"Ze vertelde me dat ze al een half uur probeerde een taxi te nemen, maar niemand wou haar en haar vriendin wilde meenemen omdat ze een korte rit wilden."
Mouayad Massri fan Taxi Station
© Omrop Fryslân
Massri hat doe syn oare klant opbelle dat er wat letter kaam, hy hat earst de froulju thúsbrocht.
Toeristen dy't fan de binnenstêd nei har hotel wolle, wurde gewoan wegere.
Anonime taksysjauffeur
In oare sjauffeur dy't anonym bliuwe wol (namme bekend op de redaksje), hat dit ek meimakke.
"It wie suterich waar en der stienen wol fiif auto's. It famke dat ik tsjinkaam gûlde en woe net nei hûs ta rinne. Ik ha har nei hûs ta brocht, it wie 12 euro."

"It is ferskriklik, in drama"

De sjauffeur kin him der hiel lilk om meitsje.
"It is ferskriklik, in drama. Yn de perioade fan de Friesian Proms yn it WTC wurde toeristen dy't fan de binnenstêd nei har hotel wolle gewoan wegere. Dat is toch gjin fisitekaartsje foar Ljouwert."

Merk Fryslân

Martin Cnossen, direkteur fan Fryslânpromotor Merk Fryslân, is helder:
"De gemeente moet samen met de taxibedrijven een oplossing zoeken voor een stabiele beschikbaarheid. Taxi's in Friesland en Leeuwarden vormen een belangrijke voorziening als je ziet naar beschikbaarheid in openbaar vervoer."
Hy fynt it fan provinsjaal belang. "Je wilt dat mensen die net buiten de stad verblijven, wel de stad goed en veilig kunnen bezoeken. Die locaties zijn namelijk niet altijd goed aangesloten op het openbaar vervoer."
Taksybedriuw Jelle sjocht it just as in positive ûntwikkeling foar harren.
"Elke klant dy't troch in oar wegere wurdt, is foar ús in nije klant. Wy binne der bliid mei, want dan komme se earder by ús."
Sy wegerje dus net, nei eigen sizzen: "Allinnich as ien te folle dronken hat of grof is."
Sjoch mei: stappers wurde nachts troch ferskate taksys wegere as se in koarte rit oanfreegje
Der jildt gjin lanlike ferfiersplicht foar taksysjauffeurs, jout in wurdfierder fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan.
Sjauffeurs kinne bygelyks ritten wegerje oan persoanen dy't te folle dronken hawwe.
Te koarte ritten as reden foar de wegering is neffens de wurdfierder net winsklik, mar it is net ferbean.

Undersyk op strjitte

Yn de nacht fan 6 op 7 maart klopje trije studinten yn de nacht oan by ferskate taksys. Wat opfalt, is dat se troch in oantal taksys wegere wurde as se nei it WTC yn Ljouwert brocht wurde wolle.
As in oar in pear minuten letter by deselde taksy in adres yn bygelyks Drachten opjout, kin dy wol meinaam wurde.
It wegerjen barde op dizze jûn net troch alle taksys, dus koene de studinten úteinlik thúskomme. Mar stappers hawwe gjin garânsje dat se oan de ein fan de jûn in taksy fine dy't harren meinimme wol.
Tonnie de Jong fynt it net slim koarte ritten te riden
© Omrop Fryslân
Tonnie de Jong fan Taxi Tonnie baalt. Hy fynt it skande dat ritten wegere wurde. Hy sels nimt elkenien mei, ek foar koarte ritten. "Je bent hier toch om taxi te rijden? Dat is toch je vak?"
By De Jong smyt de hâlding fan guon sjauffeurs frustraasje op.
"Ze weigeren gewoon pertinent die korte ritten. Nu gaan mensen lopen, terwijl er echt chauffeurs zijn die ze wel willen rijden."
Het doet ook wat met het imago van de taxibranche.
Tonnie de Jong, Taxi Tonnie
De hâlding fan guon sjauffeurs is ferfelend foar de klanten, mar ek foar de taksywrâld sels.
"Het doet ook wat met het imago van de taxibranche. Dan krijgen we mensen bij de taxi die echt woest zijn."

Konkurrinsje

It wegerjen fan ritten is neffens ferskate sjauffeurs it gefolch fan de grutte konkurrinsje yn Ljouwert.
Yn tsien jier tiid is it tal taksysjauffeurs mear as ferdûbele, neffens sifers fan de Kamer van Koophandel: fan 90 yn 2015 nei hast 200 yn 2025.
Op it Saailân yn Ljouwert steane de taksys nachts yn in rychje
© Omrop Fryslân
Omdat der mear taksy's binne, moatte sjauffeurs langer yn de rige stean om har jild te fertsjinjen.

Gjin taksybelied yn Ljouwert

Ljouwert hat - yn tsjinstelling ta guon oare gemeenten - gjin taksybelied. Yn in reaksje lit Ljouwert witte: "De gemeente ziet geen reden om hier in een verordening extra regels voor op te stellen."
De gemeente fynt dat der wol genôch fet is op de taksybrâns en ferwiist nei trije kontrôles yn de lêste fiif jier.
Ien yn 2020 en twa yn 2024, wêrby't yn totaal 21 oertrêdingen konstatearre binne.
"De controles door ILT en politie zijn effectief en zullen een preventieve werking hebben."

Reaksje gemeente Ljouwert

In wurdfierder lit witte dat de gemeente yn it ferline yn petear west hat mei guon taksysjauffeurs. As it nedich is, stiet de doar iepen foar in ferfolchpetear.
Massri baalt fan de hâlding fan de gemeente. "De afgelopen maanden heb ik herhaaldelijk melding gemaakt." Hy hat ferskate kearen in foarstel yntsjinne hoe't de Ljouwerter taksybrâns earliker wurkje kin.
"Helaas zijn deze voorstellen tot op heden niet serieus overwogen. Zij gaven aan dat dit niet aan hen is, maar aan de taxiondernemers zelf om dit probleem op te lossen."

Wetjouwing ferfiersplicht oare gemeenten

Gemeenten kinne der sûnt 2010 wol foar kieze om ekstra easken te stellen oan taksysjauffeurs en bygelyks in ferfiersplicht yn te fieren.
Der binne yntusken sân gemeenten dy't wol belied ynfierd ha, ûnder oare Amsterdam, Rotterdam en Utrecht.
Dochs soarget belied net altyd foar in bettere situaasje. Ofrûne desimber hat de regionale omrop fan Amsterdam inselde soart ûndersyk as Yung Frysk dien en ek dêrút blykte dat der in soad ritten wegere wurde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.