Omrop Fryslân

Eilanners fiere aksje tsjin stroomkabel troch Skiermûntseach: "Niet onder ons eiland boren!"

De natuer fan Skiermûntseach
© Shutterstock.com (InYourPicture)
Om ende by de hûndert eilanners protestearren tiisdeitemiddei tsjin de komst fan de swiere stroomkabel ûnder Skiermûntseach troch. Flak foar de riedsgearkomste, dêr't de rie yn bypraat wurde soe, rôpen eilanners: "Dit kan zo niet, dit moeten we niet willen!"
In oare gjalp klonk in heal oere lang op it eilân: "Voor wie het maar wil horen, niet onder ons eiland boren!"
Sa'n hûndert minsken fiere tiisdei aksje op Skiermûntseach tsjin de plannen foar in stroomkabel
© RTV NOF, Ben de Jager
Minister Sophie Hermans fan Griene Groei en Klimaat joech earder oan dat it te lang duorret om in tunnel oan te lizzen foar de stroomkabel fan wynparken op de Noardsee.
De minister wol de kabel dêrom graach ûnder Skiermûntseach troch lizze. Dat is technysk minder kompleks en kin dêrtroch flugger dien wurde.

Sjenswizen fan lokale oerheden

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is it net iens mei de rûte dy't no foarleit. "We gaan er alles aan doen, om een van de oostelijke routes haalbaar te laten zijn. Men moet hier niet onder het eiland door, door het wantij, maar om ons eiland heen."
Skiermûntseach sjocht stroomkabel troch harren 'Lytje Pole' net sitten en fiert aksje
De noardlike bestjoeren binne it mei har iens. Van Gent joech dan ek oan dat sy as groep in sjenswize yntsjinje sille. "En misschien gaan wij ook als Schiermonnikoog zelf nog een zienswijze indienen", beslút de boargemaster.

'Tijd om ons te laten horen'

De organisaasje fan it protest fûn it tiid om fan har hearre te litten. "We kunnen nu het ministerie laten zien dat wij dit niet willen", fertelt eilanner Cynthia Borras fan Skiermûntseach. "Ik dacht er komen een aantal bewoners, maar dit is een overweldigende opkomst."
De rûte fan de stroomkabel as dy ûnder it eilân troch komt
© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Skiermûntseach waard troch Olaf Herfst fan it ministearje en Marc Jager fan Royal Haskoning DHV ynformearre oer de trajekten. De publike tribune siet fol.
Woansdei 12 maart kinne ynwenners mei it ministearje yn petear oer de foarkarsrûte fan de stroomkabel.

Programma Aansluiting Wind Op Zee

PAWOZ is de namme dy't bestjoerlik en polityk Nederlân jûn hat oan de útdaging om in swiere stroomkabel oan te lizzen fan de Noardsee nei de Eemshaven. PAWOZ stiet foar Programma Aansluiting Wind Op Zee.
Koartsein wurdt dêrby ûndersocht wat de bêste rûtes binne om grutte wynparken yn de Noardsee te ferbinen mei de Eemshaven. By dizze rûte del komme swiere stroomkabels te lizzen. Dêrmei kin de stroom fan de wynparken oansletten wurde op it heechspanningsnet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.