'Histoaryske' staking fan automonteurs yn Fryslân: "De baas was aardig chagrijnig"
Mear as 150 meiwurkers fan garaazjes en oanferwante bedriuwen ha har meld by in fakbûnsgearkomste yn Ljouwert. Se stride foar in bettere cao.
It fakbûn FNV sprekt fan in 'histoaryske dei', omdat monteurs yn Fryslân nea earder staakten. By in autobedriuw yn Drachten rûnen meiwurkers moarns betiid de doar út, seit Wilma Nieveen fan it fakbûn.
"Monteurs, verkopers en zelfs de receptioniste liepen de werkplaats uit met vlaggen als protest tegen de slechte loonvoorstellen."
Ekstreem en ûnrealistysk
Neffens bransj-organisaasje BOVAG binne de easken fan de meiwurkers ekstreem en ûnrealistysk, en soargje se derfoar dat it in stik djoerder wurdt om de auto nei de garaazje te bringen.
"Dat is wel bijzonder", seit Nieveen. "De uurtarieven zijn vorig jaar al verhoogd, dus de klant betaalt het al. Wij zorgen ervoor dat het geld bij de medewerkers terecht komt, die verdienen het."
Reaksje BOVAG
"BOVAG vindt de eis van de bonden om de lonen met 6 of 7 procent te verhogen zowel onrealistisch als onverantwoord", skriuwt bransj-organisaasje BOVAG yn in reaksje op de staking.
"De extra forse loonsverhoging die vakbonden vragen is niet nodig, omdat onderzoek uitwijst dat er in de sector door veel werkgevers behoorlijk boven cao wordt betaald, in de strijd om goed technisch personeel."
"Als het gaat om het op peil houden van de koopkracht van mensen is dat niet alleen een verantwoordelijkheid van de werkgevers, maar evenzeer van de overheid."
"De baas was aardig chagrijnig", seit in apk-karmaster dy't it wurk ek dellein hat. "Ik probeerde hem uit te leggen dat het niets met hem te maken had, maar hij wilde het er niet over hebben. Hij neemt het ons wel een beetje kwalijk, dat we staken."
Klanten kinne wol lêst ha fan de staking, seit er. "Zo'n apk-keuring, daar zit een einddatum aan. Daar zullen we wel klachten over krijgen. Maar het gaat om mijn toekomst."
Histoaryske staking fan automonteurs yn Fryslân
Mear as 150 garaazjestakers by byienkomst yn Ljouwert
Allinne fanút Drachten al binne der in stik as 20 auto's mei stakers nei Ljouwert riden, seit in âldere monteur. "Dat falt my net ôf."
Hy docht it wurk al 30 jier, en hat noch noait staakt. No wol. Hy makket him soargen oer de takomst fan de sektor. Jonge kollega's komme der hast net mear by. "De minsken dy't no noch yn de garaazje wurkje wolle, dat binne de echte leafhawwers."
'Sektor rint kompleet leech'
In kollega falt him by. "De sektor is no net oantreklik. Der komme mar in pear minsken by ús binnen dy't monteur wurde wolle. Dat fyn ik wol in kwalike saak."
It is hiel belangryk dat it fak wer oantreklik makke wurdt. De sektor rint kompleet leech."
"Ik bin no 60 jier, en dat begjin ik ek te fernimmen. Dat se de 'ouwelulledagen' der ôf helje wolle, dat falt my wol hiel swier. Foar my is dat it allerbelangrykste."
Nije aksjes
Noch foardat de stakingsdei yn Fryslân dien is, kundiget it fakbûn FNV al nije aksjes oan. Oer in wike stake meiwurkers fan garaazjes, fytsemakkers en autohannelers yn Assen, Apeldoorn, Zaandam, Utrecht en Den Haag.
Yn Brabân en Limburg wurdt letter pas staakt, dêr giet it karnaval foar.