It libben krijt wer in 8: is soerstofterapy de oplossing foar post-covid?
"Ik gaf m'n leven een 3, nu een 8." It binne de wurden fan Lidia de Vries, sûnt 2023 post-covidpasjint. Mei tank oan hyperbare terapy sjocht sy it ljocht wer yn it libben.
Op it earste each sjocht de hyperbare keamer derút as in ûnderseeër: in grutte metalen buis mei rútsjes. Dy stiet ferstoppe yn in gebou efterop it terrein fan it Antonius-sikehûs yn Snits.
It idee om yn de tank te krûpen kin foar guon benearjend wêze, mar foar oaren is it mooglik in oplossing foar har post-covidproblemen.
Fan alle tsien pasjinten kin de behanneling sa'n seis helpe, se it setsje jaan om op te knappen. Hyperbare soerstofterapy jout in soad post-covidpasjinten letterlik wer lucht.
Mar net eltsenien, en dat frustrearret de ûndersikers.
Mei in masker op sitte tsien minsken yn de tank. Se krije puere soerstof.
It is feilich om't se spesjale klean oan hawwe (it mei net statysk wurde) en der gjin soerstof yn de tank sels pompt wurdt.
De terapy wurdt ynset by minsken fan wa't de ferwûningen dreech better wurd of by minsken dy't bestriele wurde, mar sûnt in pear jier ek by minsken mei post-covid.
De resultaten binne hoopfol, ek al kin noch net eltsenien holpen wurde.
Frustrearjend
"Bij een groot aantal mensen heeft het goed geholpen. Bij anderen zien we dat het geen baat heeft", seit René Groot. Hy is foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Hypercare Antonius.
"61 procent van de mensen heeft er echt baat bij gehad. Bij 20 procent heeft het wel iets geholpen, maar niet het gewenste resultaat. Bij 11 procent hiel het totaal niet: dat frustreert enorm, want je wil iedereen helpen."
Wat it dan is, dat it by guon net oanslacht? Groot hat gjin idee.
Ek oare ûndersikers kinne der net in ferklearring foar jaan. En ek by de minsken by wa't it wol helpt: it betsjut net dat je wer folslein de âlde binne en dat je klear binne mei behannelingen.
Ien fan de 61 persint
"Nee, je moet echt je levensstijl aanpassen", seit Lidia de Vries. Sy hat de terapy hân en wurket sûnt koartlyn wer. Se krige yn 2023 covid. Nei dy tiid wie se lang tiid wurch.
Se wie ek yn ferwachting, dus wie doe de konklúzje dat har wurgens mooglik dêrmei te krijen hie. Nee dus, want it gie net fuort.
"Ik ging van acht kilometer hardlopen naar niet meer in staat zijn de trap op te lopen."
De Vries wie der sels sa slim oan ta dat har man, dy't op útstjoering wie, weromroppen waard. "Ik was erg vermoeid, had spierpijn in m'n benen, cognitieve klachten. Ik kon niets meer hebben."
Ek in boek lêze slagge net mear. Konsintraasje wie fier te sykjen.
Ik gaf m'n leven een drie, nu een acht.
Mei help fan har wurkjouwer krige se de kâns soerstofterapy te folgjen yn Snits. De Vries waard ien fan dy 61 persint dy't der wol baat by hie.
Twa moannen lang alle dagen twa oeren ûnder druk. "De eerste weken merk je niets. Dan word je heel erg moe. Halverwege merk je dat de energie toeneemt."
Wer hurddrave
No kin se wer hurddrave. Stadich oan komt har âlde libben wer yn sicht. "Ik gaf m'n leven een drie, nu een acht."
Dat minsken wurch wurde fan de terapy kloppet, seit Groot.
"Je hebt een betere stofwisseling en dat vergt energie. Onze ervaring is dat het na 20 keer begint te helpen."
Groot sjocht minsken binnenkommen yn in rolstoel, brocht troch harren âlden. "Het zijn vaak jonge mensen. Na twee maanden kunnen de meesten op eigen initiatief en met eigen vervoer hier komen."
Wer in boek lêze
Mar foar in lytse groep docht it neat. By 20 persint docht it wat, mar net wat de ferwachting wie.
"Zij worden dan cognitief wel beter. Ze zijn dan in staat weer een boek te lezen bijvoorbeeld", seit Groot.
De terapy hâldt nei twa moannen op. It effekt bliuwt dan noch twa moannen hingjen. Yn guon gefallen kin it sa wêze dat in pasjint nei in jier nochris komt.
Mar, sa seit Groot, dan moat der wol in dokter wêze dy't tinkt dat it helpt.
Undúdlik
Dat it minsken helpt, stiet fêst. Mar wat no krekt soarget foar it goede resultaat, dêr is gjin 100 persint dúdlikens oer. Wittenskippers dogge dêr ûndersyk nei, mar in slutend antwurd is der noch net.
Long covid of post-covid
Waard yn it ferline praat oer long covid, no is it post-covid. Long stiet foar klachten oer langere tiid. Dy komme lykwols pas nei de coronabesmetting.
Dêrom is keazen foar de term post-covid. Dêr prate je oer as je op syn minst trije moannen nei in besmetting noch klachten ha.
Der wurdt op ferskate wizen ûndersyk dien nei post-covid. Takom wike in ynterview mei ien fan de Fryske longdokters dy't har dêrmei dwaande hâldt: Jolanda Kuijvenhoven fan sikehûs Frisius MC yn Ljouwert.