Nije partoeren, regels en wanten: dit moatst witte oer it nije keatsseizoen
Yn Weidum begjint op snein 27 april mei de tradisjonele Bangmapartij in nij keatsseizoen. Der feroaret it ien en oar, mar ek in soad bliuwt itselde.
De froulju begjinne snein mei in trochelkoarlotterspartij yn Boalsert.
In wike letter, op 3 en 4 maaie, binne de earste frijeformaasjepartijen. Op sneon keatse de froulju yn Frjentsjer, in dei letter binne de manlju oan bar.
Nije partoeren
By de partoeren yn de top fan de haadklasse is it ien en oar feroare. De winners fan de PC fan 2024 keatse yn in oare gearstalling.
De PC waard wûn troch Menno van Zwieten, Gabe Jan van Popta en Tjisse Steenstra. Op it plak fan Van Popta keatst dit jier Rick Minnesma.
It is op papier in sterk partoer. Van Zwieten en Steenstra wiene de nûmers ien en twa yn it keatsklassemint yn 2024. Rick Minnesma einige yn dat klassemint as fjirde.
Gabe Jan van Popta begjint it nije seizoen mei opslagger Johan Sipma en achterynse Hendrik Kootstra.
Outsiders binne Marten Bergsma en de jonge talinten Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar.
Ek it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra moat wedstriden winne kinne, al wie 2024 net harren meast suksesfolle jier.
Grutte ôfwêzige is foarynse Dylan Drent fan Harns. Hy is al in skoft oan it skouder blessearre en miste ferline jier al in soad wedstriden.
Dit keatsjier lit er oan him foarbygean. Hy rjochtet him folslein op 2026.
By de froulju stekt ien partoer der mei kop en skouders boppeút: Louise Krol, Sjanet Wijnia en Gerde Lycklama à Nijeholt.
Mar goed, dat is op papier en op papier wurdt net keatst.
In soad toppers hâlden der de lêste jierren mei op, wêrtroch't it oantal favoriten hurd minder wurden is.
It is dreech om outsiders oan te wizen by de froulju, mar miskien kin it partoer fan Roelie Kroondijk, Jeska Terpstra en Manon Scheepstra foar ferrassings soargje.
Scheepstra wûn meardere kearen de Frouljus PC en tal fan oare prizen. Dit wurdt har lêste jier op it heechste nivo.
Op ôfdielingspartijen, lykas de Bangmapartij fan snein, mar ek de Bûnspartij, komme keatsers út foar de eigen feriening.
De Bûnspartij waard yn 2024 wûn troch Bitgum. Oft dat dit jier wer slagget, is noch mar de fraach.
Troch de ferhuzing fan Tjisse Steenstra fan Bitgummole nei Dronryp, liket dat lêste doarp ynienen de bêste papieren te hawwen.
Dronryp keatst snein yn Weidum mei Tjisse Steenstra, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma: trije haadklassekeatsers dus.
Trochelkoarlotsjen
De lêste jierren sjocht it KNKB hieltyd minder keatsers by útnûgingspartijen, it trochelkoarlotsjen. De frouljushaadklassers begjinne snein mei sa'n wedstriid yn Boalsert.
De animo foar dy partijen is net altyd grut, omdat der gjin punten foar de ranking te fertsjinjen wiene, mar dat feroaret.
Keatsers dy't dit jier meidogge oan in útnûgingspartij krije punten foar dy dielname, mar gjin ekstra punten as der in omloop wûn wurdt. Dat is by de frije formaasje wol it gefal.
It keatsbûn hopet dat troch it takennen fan startpunten it oantal dielnimmers oan útnûgingspartijen tanimt. De stân op de ranking bepaalt nammentlik hokker keatsers op de PC steane.
Wa't dus op in soad útnûgingspartijen ûntbrekt, kin dêrtroch dielname oan de wichtichste partij fan it jier wolris misrinne omdat se net genôch dielnamepunten hawwe.
De klok komt werom
Yn 2024 eksperimintearre it keatsbûn KNKB mei in tiidsklok. De tiid begjint te rinnen as de earste keatser it fjild opkomt. Binnen fiif minuten moatte beide partoeren dan klear wêze om te begjinnen.
In keatsdei duorre dêrtroch neffens de KNKB trije kertier koarter én it foarkaam dat publyk in skoftlang nei in leech fjild siet te sjen.
De klok komt dêrom werom by de wedstriden yn de haadklasse foar hearen, mei útsûndering fan de wedstriid yn Minnertsgea en de PC.
In nije want
In pear jier lyn begûn it keatsbûn KNKB mei in ynnovaasjetrajekt. De earder neamde klok is ien fan de útkomsten.
Yngripender is de nije keatswant dy't troch de Wurkgroep Materiaal betocht is.
De want is makke troch âld-topkeatser Cornelis Terpstra fan Bitgummole en is fan keunststof.
De nije want bestiet út mar ien laach. Der wurdt gjin lear, lym of in nap brûkt of oare materialen wêrmei't de makker ynfloed hat op de slachkrêft fan it materiaal.
Yn prinsipe hat eltse nije want deselde slachkrêft. Dêrtroch hopet it keatsbûn op in mear gelyk, earliker spylfjild.
De nije want is mjitber en kontrolearber, oars as by de wanten fan no it gefal is. Dêrby bestiet kontrôle faak allinnich út it wagen fan de want.
Earder ûntstie der al oer diskusje oer dit ûnderwerp, omdat ien fan de leden fan de wantekommisje syn ôfkarring útspruts oer it nije materiaal. Letter waard dúdlik dat er op persoanlike titel spruts.
De kommisje hat skriftlik witte litten dat it op dit punt efter it keatsbûn stiet.
It KNKB sjocht dit jier as in testjier. Takom jier is der in pilot mei de nije want yn de pupillekategory.