Omrop Fryslân

Werynrochting Sonnemaplein yn Dokkum úteinset: "De impact is grut"

Oant ein dit jier wurdt wurke oan de werynrjochting fan it Sonnemaplein yn Dokkum
© RTV NOF, Niek Wassink
It Sonnemaplein yn Dokkum wurdt werynrjochte. It fernijde strjitbyld fan de Westersingel wurdt trochlutsen nei it plein, mei as doel in oantreklikere en grienere binnenstêd.
Oan de werynrjochting fan de Westersingel faze 2, better bekend as it Sonnemaplein, wurdt oant en mei ein 2025 wurke.
By de werynrjochting krijt de grêft syn oarspronklike útstrieling werom en wurde de kaden wersteld. Ek komt der mear grien yn de omjouwing.
Hoewol't de ferkearssituaasje foar in grut part itselde bliuwt, wurdt it rioel diels ferfongen om wetteroerlêst te beheinen. Dêrneist wurdt nije strjitferljochting pleatst.
"Wat we hier doen, is de watergang terugbrengen naar de staat van 60 à 70 jaar geleden", seit projektlieder Arjen van der Leest. "We plaatsen een damwand en bouwen een nieuwe kademuur."
Tegearre mei de Werkgroep Binnenstad Dokkum wurdt wurke oan in oantreklike en tagonklike binnenstêd. Earder binne al parten fan de Westersingel, Parksteech, Lange Easterstrjitte en Gasthússtrjitte fernijd.
Sa moat it derút komme te sjen
© RTV NOF, Niek Wassink
De wurksumheden binne moandei úteinset en wurde yn ferskate fazen útfierd. "Uiteindelijk vervangen we alle riolen en worden de datakabels omgelegd. De impact is groot," seit Van der Leest.
Under de wurksumheden wurdt de Hegepol ôfsletten tusken de Hanspoarte en de Legewei. Ek is de Westersingel fan de Hanspoarte ôf tydlik net berikber.
Oannimmer Tjitske Henstra fan Oosterhof Holman seit dat it projekt in soad gearwurking freget. "It is in grut projekt mei in soad partijen. Om't wy ôfhinklik binne faninoar, wurdt alles efterinoar útfierd, as in trein. Dat makket dat it proses wat langer duorret."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.