Omrop Fryslân

Frysk Nasjonale Partij sprekt presidint Trump oan: "Nim gjin besluten oer ús sûnder ús"

Donald Trump
© ANP
De steatefraksje fan de Frysk Nasjonale Partij fynt dat Presidint Donald Trump fan Amearika gjin besluten nimme mei oer Europa, sûnder earst mei Europa te oerlizzen.
Fryslân hat neffens de partij it folste rjocht om Trump oan te sprekken, want Fryslân wie yn 1782 it earste lân dat de ûnôfhinklikens fan de Feriene Steaten fan Amearika erkende.

Pûtin

De FNP fynt dat Presidint Trump fierstente folle tajout oan de agressy fan de Russyske lieder Vladimir Putin en hat hjir in brief oer skreaun oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
"Tajaan oan Pûtin en derop oanstjoere dat Europa him der mar mei rêde moat, dat kin yn ús eagen net", sa skriuwt de steatefraksje oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
De fraksje freget oan Deputearre Steaten om de Fryske soargen oer te bringen oan it Ryksregear. De namme fan de Russyske lieder is yn it brief ferfryske mei in dakje op de u: Pûtin yn plak fan Putin.
Sûnder Fryslân gjin Feriene Steaten fan Amearika
FNP-brief oan Deputearre Steaten
"Wy fine dat Fryslân hjiryn in stim hawwe mei en kin, want Fryslân wie yn 1782 de earste mei it erkennen fan de ûnôfhinklikens fan de Feriene Steaten fan Amearika", sa skriuwt de FNP. "Sûnder Fryslân gjin Feriene Steaten fan Amearika."
Fraksjefoarsitter Gerben van der Mei jout fuortendaliks ta dat de FNP 'in hiele grutte broek' oanlûkt troch Trump oan te sprekken. Mar je moatte je ek net te beskieden wêze, seit Van der Mei. "Fryslân is net ûnbekend foar Trump, want hy hat earder yn Makkum in grut jacht bouwe litten."

Beprate yn de Steaten

De stappen dy't Trump no set, hawwe ek gefolgen foar Fryslân en Nederlân, tinkt Van der Mei. "Wy sille der wol net oan ûntkomme om ek minsken nei Oekraïne te stjoeren om de boel dêr te bewaken, want de frontline is lang. En as it ús oangiet, dan meie je der ek wat fan sizze."
Van der Mei kin him goed foarstelle dat de FNP-soargen ek bepraat wurde yn it Fryske parlemint. "It binne gjin Fryske saken, mar wol saken dy't wichtich binne foar Fryslân. Dan hawwe we it mar in kear net oer bushokjes en in bus dy't yn de greide stiet."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.