Omrop Fryslân

Grut eksperimint mei it opromjen fan PFAS úteinset op fleanbasis Ljouwert

De proefsanearring op de fleanbasis
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar de syktocht nei hoe't je de fersmoargjende stof PFAS opromje moatte, is de fleanbasis Ljouwert de kommende tiid ien fan de wichtichste lokaasjes yn Nederlân.
In proef op de basis moat net allinnich helpe de fersmoarging dêr fuort te krijen, mar ek yn de rest fan Nederlân.
"Dit is de opmaat voor de grotere saneringen, want het zijn er meerdere op deze locatie", seit René Zijlstra, programmamanager boaiem en ûndergrûn fan it Rijksvastgoedbedrijf.
"Hier 'spelen' we met het materiaal en ontdekken we allemaal gegevens die we kunnen gebruiken voor het maken van een goed plan en een goed bestek voor de grotere sanering."
In warskôgingsboerd by de Jelsumer Feart
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Tagelyk mei in sanearring op de âlde loftmachtbasis Soesterberg en ien yn Doetinchem moat de proef yn Ljouwert hiel Nederlân helpe yn it finen fan oplossingen. It probleem op de Ljouwerter basis kaam boppedriuwen, neidat der fierstente folle PFAS fûn waard yn de Jelsumer Feart.

Blusskom

It guod komt fan de basis ôf. It terrein by sawol de hjoeddeistige as de âlde brânwachtkazerne is fersmoarge, trochdat dêr blusskom brûkt is mei PFAS deryn. De proef wurdt útfierd by de âlde kazerne.
De Ljouwerter fleanbasis is no in PFAS-proeftún
De latte leit heech neffens Zijlstra: "Krijgen we het water zo schoon dat we het kunnen lozen? Dat is echt wel de cruciale vraag." Grûn en grûnwetter wurde dan ek apart behannele yn de proef.
"Met dat water kunnen we allemaal proeven doen, waaronder het leiden ervan door actieve koolfilters in de grondwaterinstallatie die er staat", leit Jan Henk Schuurman fan oannimmer Verhoeve-Aurora út.
De grûn wurdt fuorthelle by de âlde brânwachtkazerne
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar de grûn is betocht dat "verschillende bedrijven proeven gaan doen met die grond om te kijken wat de beste afzetmogelijkheden zijn", seit Schuurman. 'Afzetmogelijkheden' betsjut dat sjoen wurdt wêr't de grûn nei in sanearring noch foar te brûken is. Dit alles kostet wol tiid.
Zijlstra: "Ik wil dit jaar eigenlijk een plan hebben voor de grote sanering op deze locatie. We zijn al bezig met de voorbereiding van het baggeren van de watergang. Dit jaar komt er ook wel een bestek. Daarna wordt een plan gemaakt voor de nieuwe brandweerkazerne."
It wurk is hjir moandei úteinset
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Gewoan alles útgrave en dêrnei sjen hoe't je alles skjin krije, is neffens Zijlstra gjin opsje. Grave lost ien probleem op, mar je krije der in oar probleem by.
"Als dat zou kunnen, hadden we het wel gedaan", seit Zijlstra. "Maar het grote probleem met deze verontreiniging is dat die voor een groot deel onder het grondwater zit. Op het moment dat ik ga graven onder dat grondwater, komt er water vrij dat ik moet lozen."

Jelsumer Feart

Salang't de fersmoarging net opromme is, streamt it fersmoarge grûnwetter nei de Jelsumer Feart. Dêr is omtinken foar, seit Zijlstra: "We kijken ondertussen samen met het Wetterskip wel wat we kunnen doen met het water dat we lozen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.