Opsterlân hat twa lokaasjes op it each foar opfang flechtlingen: yn Nij Beets en Oerterp
De gemeente Opsterlân hat twa lokaasjes op it each om eventueel flechtlingen op te fangen. It giet om it eardere skoalgebou De Jasker yn Nij Beets en De Twirre yn Oerterp, ek in earder skoalgebou.
Yn de lokaasje yn Nij Beets soe plak komme moatte foar 20 oant 25 Oekraynske flechtlingen. Yn Oerterp soe it gean om in trochstreamlokassje foar maksimaal 50 persoanen.
Efter op skema
De gemeente Opsterlân hat de opdracht om 201 plakken foar Oekraïners te realisearjen, mar it hat der no mar 194. Fierder nimt it tal Oekraïners dat by partikulieren opfongen wurdt ôf. De gemeente wêryn't dizze Oekraïeners wenje, binne ferantwurdlik foar it sykjen foar in nij plak. Mei De Jasker hopet Opsterlân dit plak fûn te hawwen.
Ek wat it tal plakken foar de opfang fan net-Oekraynske flechtlingen oanbelanget rint Opsterlân noch efter. De gemeente siket nei trochstreamlokaasjes yn Beetstersweach, Oerterp en De Gordyk. Foar Beetstersweach is de lokaasje yn soarchsintrum Ikenhiem al fûn.
Earst ûndersyk
Der sil ûndersocht wurde oft De Twirre de lokaasje foar Oerterp wurde kin. Dat ûndersyk wurdt yn maart opstart. Neffens de gemeente soe de lokaasje by grien ljocht uterlik yn it earste fearnsjier fan 2026 yn gebrûk naam wurde moatte.
It ûndersyk nei de lokaasje yn Nij Beets soe yn it earste fearnsjier fan dit jier klear wêze moatte. Yn maar wurdt der dan in foarstel dien oan de gemeenteried en de lokaasje soe dan dit jier noch iepenje moatte.
Foar omwenners fan de lokaasje yn Oerterp sil de gemeente ynkoarten in ynformaasjegearkomste hâlde.