Soargen oer kealslach yn Grouster hoareka, no't Treemter en Bierhalle de doarren slute
Mei de ein fan de kafees de Treemter en De Bierhalle yn Grou binne ynwenners benaud foar in flinke hap út de hoareka. Der leit in plan foar in multyfunksjoneel sintrum, mar kin dat de soargen fuortnimme? "It is in ierlitting. Hertferskuorrend."
Tusken de muorren fan de Treemter leit in lange skiednis. Ferskate generaasjes sieten der sûnt 1972 oan de taapkast en sammelen har op de dûnsflier. Foaral de skomparty's wiene in fenomeen. Nei't sein wurdt, rekken de rijen oant midden yn it doarp.
Mar de samling ferhalen hâldt ynkoarten op: op 1 febrewaris wurdt it lêste pilske tape. Eigener Cor Veenstra hâldt dermei op. Krekt as dy fan in oar kafee yn it doarp: De Bierhalle. Twa populêre plakken dy't in hoarekakrater efterlitte.
Tiden feroarje, mar dit is wol in grut gemis foar it doarp.
En no? De gemeente Ljouwert is fan doel om der in nij multyfunksjoneel sintrum (MFC) foar yn it plak komme te litten. Mei ûnder mear in biblioteek en in plak foar jongerein.
Der wachtet noch flink wat ûndersyk en oerlis, mar it doarp hâldt it hert fêst, seit Robbie Heidema, bestjoerslid fan Pleatslik Belang Grou.
In heale iuw Treemter:
"Ik begryp it, de tiden feroarje. Mar dit is wol in grut gemis foar it doarp", seit hy. "Nim de Treemter. In hiel bysûnder plak. It is wêr't minsken byinoar kamen, dûnsen en prachtige feesten holden waarden."
Ferneamde skomparty's
Yn 2015 feroare it fan stal. It grutkafee wie hjirfoar in diskoteek. Feestgongers tôgen der op freeds hinne foar brûzende houseparty's.
"Och, dêr ha ik sa faak west", seit Heidema. En dan wiene der noch de ferneamde skomparty's. "Skitterjend! Woansdeitejûn, yn de simmer. Grousters, minsken fan omlizzende doarpen, toeristen. Elkenien kaam derop ôf."
Mar no giet de doar dus op slot. Krekt as dy fan De Bierhalle. In hurd gelach foar de gasten, en boppedat in streek troch de rekken fan de dart- en biljertklup. Sy hiene De Bierhalle as thúsbasis.
'Hertferskuorrend'
Heidema neamt it in ierlitting, it fuortfallen fan de twa kroegen. "Der binne yn Grou wol in pear restaurants dêr't je in bierke drinke kinne. Mar dêr is fansels in oare sfear." It ferdwinen van de kafees fynt er dêrom 'in ierlitting' en 'hertferskuorrend'.
Feroaring is faak per definysje spannend
Alberto Kinderman is doarpsmanager by Doarpskoöperaasje Grou. Hy bemiddelet tusken belutsen partijen fan it projekt. Kinderman hat begryp foar it kweatinken yn it doarp. "Feroaring is faak per definysje spannend."
Hy wiist lykwols op de ûnwissichheden. De gemeente Ljouwert hat de pannen noch net opkocht. Dêrneist moat bliken dwaan oft de reservearre 4 miljoen euro tarikkend is. Boppedat moat de gemeenteried der úteinlik in klap op jaan. "Hooplik komt der dit jier dúdlikens."
Fjouwer haadbestimmings
Mocht it MFC der komme, dan wol de gemeente der fjouwer haadeksploitanten ûnderbringe: in biblioteek, wolwêzenorganisaasje Amaryllis, museum Hert fan Fryslân en Doarpsargyf Grou. Dêrneist is der plak foar hierders dy't net deistich gebrûk meitsje fan de romte.
Fierder komme der yn de boppeferdjipping fan De Bierhalle mooglik apparteminten. En ek dy fan de Treemter wurdt dêr miskien foar brûkt.
Plak foar jeugd, mar gjin kroech
Dat sil neffens Kinderman gjin problemen jaan mei de ynfolling op de ûnderste ferdjipping: in plak foar de Grouster jeugd. "De lûdskearing is fan de heechste kwaliteit. Boppedat sit der noch in laach tusken."
Wat de jongerein der dwaan kinne, is noch ûndúdlik. Wol is helder dat it giet om in romte fan 60 oant 80 kante meter, dêr't minderjierrigen ek in drankje drinke kinne. Mar fan in kroech is gjin sprake, seit Kinderman mei klam.
"Ek net kwa iepeningstiden. Tsjintwurdich gean jongeren pas fan in oere as 1.00 ôf op in paad. Dat is net winsklik."
Oan de foarkant fan de Treemter leit in terras. Dat bliuwt yntakt. Wa't dêr minsken ûntfangt, is noch net wis. "Mar seker yn de simmer soe it moai wêze as dêr in gasthear sit."
Feit bliuwt der gjinien oankloppe om in ferfangend kafee te begjinnen.
Op 11 febrewaris is in gearkomste foar bewenners yn de Treemter. Dan kinne sy witte litte wat sy fan de plannen fine.
Kinderman beseft dat minsken bale fan it ûnferwachte gebrek oan kroegen. "Mar it feit bliuwt dat dy ûndernimmers tafallich beiden opholden, en der gjinien oankloppe dy't in ferfangend kafee begjinne woe."
Ek Robbie Heidema sjocht dat yn. Mar dat makket it ferlies der neffens him net lytser op.
"Je wolle earne dûnsje kinne en gesellich in bierke dwaan kinne. Ik ha in geweldige tiid hân yn de Treemter", seit hy. "Sa'n plak gun ik myn twa jonges hjir ek."
The Final Countdown
Dit wykein is ûnderdiel fan 'The Final Countdown'. Gasten fan doe en no kinne noch ien kear de remmen lossmite en dûnsje op de klanken fan DJ's en bandsjes út ferfleine Treemter-tiden.
Mar hoe't de takomstmuzyk klinke sil, dat wachtet it doar noch yn spanning ôf.