Omrop Fryslân

Seekonteners by brêge Twellingea soargje foar argewaasje: "We kinne der kwealik del"

Konteners blokkearje in behoarlik stik fan de dyk
© Omrop Fryslân
Oan beide kanten fan de brêge yn de Nije Dyk by Twellinga stean sûnt in skoftke twa grutte seekonteners. Dêrmei bliuwt der noch net de helte fan de dyk oer foar fytsers.
Minsken mei in scoot- of brommobyl ha sels in probleem, want dy binne yn guon gefallen nammentlik te breed.

Brêge ticht

De brêge yn de Nije Dyk gie yn novimber ticht foar auto- en lânbouferkear. Ut ûndersyk die bliken dat de brêge yn minne steat is en de feilichheid net garandearre wurde kin.
Links de A7 en rjochts de Nije Dyk, dêr't it troch de ôfsletten tunnel folle drokker is
© ANP
Fytsers en kuierders meie der noch wol oer. Mar ek foar harren is de brêge sûnt in skoftke dus in obstakel wurden.

Grutte konteners

Rykswettersteat, dat de konteners pleatst hat, seit dat dat dien is om slûpferkear tsjin te gean.
"In het kader van 'veiligheid voor iedereen' is dat onacceptabel", seit in wurdfierder. "Rijkswaterstaat heeft de veiligheid van iedereen, zowel weggebruikers als vaarweggebruikers, hoog in het vaandel."

Gefaarlik

Ast by de brêge komst, sjochst net wat der fan de oare kant fan de kontener komt", leit Bauke van der Meer út. Hy wennet yn 'e buert en hat in soad oerlêst troch de tichte brêge.
"Elektryske fytsen en brommers meie noch oer de brêge. Dy ha in flinke faasje. Kinst net by inoar del, sjochst inoar net en dan wurdt it al gau gefaarlik."
Bauke van der Meer
© Omrop Fryslân
Nei klachten fan omwenners hat Rykswettersteat oanjûn de konteners noch dizze wike te ferfangen foar betonblokken.
"Wy ha it ferline wike freed al oanjûn. Mar der wurdt in wike mei wachte. Blykber moatte we earst in ûngelok krije foardat Rykswettersteat der wat oan docht."

Bloksleat

Wêr't bewenners ek min oer te sprekken binne, is it stek by tankstasjon Bloksleat, in pear kilometer fierderop. Sûnder dat stek kinst fan de paralleldyk trochstekke nei de A7.
Minsken dy't fan de iene kant fan Twellingea nei de oare kant wolle, moatte dat no dwaan troch nei Snits of De Jouwer te riden, om dan fia de A7 nei de oare kant te gean.
As auto's fia it tankstasjon ride kinne, skeelt dat sa'n acht kilometer omriden.
It trochstekken by it benzinestasjon is in stik koarter
© Omrop Fryslân
Der wie dan ek frege om it stek iepen te setten. Yn stee dêrfan is der troch Rykswettersteat in grut betonblok foar set.

Slûpferkear

Neffens Rykswettersteat soe it iepenjen fan it stek gefaar opsmite. "Het is geen doorgang bedoeld voor verkeer."
"Het is ook geen calamiteitenroute voor de hulpdiensten. Door het openstellen van dit hek ontstaan er onveilige en ook ongewenste situaties, onder andere doordat auto's het fietspad kruisen."
Rykswettersteat seit dat ek mei tydlike maatregels, lykas ferkearsbuorden of haaietosken, de feilichheid net garandearre wurde kin.
It betonblok by it stek fan it tankstasjon oan de A7
© Topentwelonline.nl
Unbekenden ha yntusken mei graffity de wurden 'Zielig hoor' op it betonblok spuite.

Wiidweidige ynspeksje

Rykswettersteat is dwaande mei in wiidweidige ynspeksje nei de konstruksje fan de brêge. De resultaten dêrfan wurde mids febrewaris ferwachte.
De oerlêst foar omwenners wurdt troch Rykswettersteat 'ten zeerste betreurd'.

Minne steat fan de brêge

Troch it ôfsluten fan de Prinses Margriettunnel yn de A7 yn desimber 2022, krige de brêge fan Twellingea mei folle mear ferkear te krijen as oars.
Neffens Rykswettersteat is dat ien fan de redenen wêrtroch't de steat fan de brêge flugger efterútgien is as foarsjoen.
Yn in oerlis tusken gemeenten en Rykswettersteat is earder it 'worst-case-senario' besprutsen. Oftewol, as yn febrewaris by de ynspeksjes bliken dwaan soe dat de betonnen pylders fan de brêge yn minne steat binne.

Needbrêge

Yn dat gefal is it net mooglik om in needbrêge oan te lizzen. De situaasje bliuwt dan sa't dy is: alle auto's, frachtauto's en trekkers moatte omride.
Der moat yn dat senario wachte wurde oant it wurk oan de Prinses Margriettunnel, in eintsje fierderop, klear is. Nei ferwachting is dat pas ein 2025.
"Wy binne as bewenners hiel benaud dat dat senario wierheid wurdt", seit Bauke van der Meer. "Dat frustrearret."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.