Omrop Fryslân

Se wie twa kear op missy yn Afganistan, en no makket Fredau har drok oer it imago fan 'de feteraan'

Fredau Kaastra
© Onbekende Helden
As militêr wie se aktyf yn Afganistan, mar yntusken hat Fredau Kaastra út Wolvegea har libben in hiele oare ynfolling jûn: se is persoanlik begelieder by Zorggroep de Stellingwerven.
Kaastra is ien fan de gesichten fan de kampanje 'Ongekende krachten'. Doel fan de kampanje is om it byld dat hearsket fan feteranen by te stellen. Want echt net eltse feteraan hat PTSS, faak kinne se noch in weardefolle bydrage leverje oan de mienskip.

Twa kear Afganistan

Kaastra gie twa kear op misje yn Afganistan. De earste kear wie yn 2006. "Dat was in de tijd dat Kamp Holland werd opgebouwd in Uruzgan", fertelt Kaastra. "Met alle spullen die nodig waren om het kamp op te bouwen, reden wij naar Uruzgan toe, met alle gevaren van dien."
Fiif jier letter gie se nochris. "Toen werkte ik bij de inlichtingen en ben ik niet van het kamp af geweest. Toen moest ik ervoor zorgen dat de jongens die wel de poort uit gingen, wisten wat er gebeurde in de omgeving."

Kommunikaasje en gearwurking

Yntusken docht Kaastra hiel wat oars. As begelieder fan in wengroep besiket se jongfolwoeksenen mei in lichtferstanlike beheining selsstanniger te meitsjen. "De meesten hebben bijkomende problematiek, af en toe ook PTSS, maar ook autisme, borderline of hechtingsproblematiek."
De hoop is dat sy úteinlik op harsels wenje en foar harsels soargje kinne.
In pantser-houwitzer op it âlde Kamp Holland yn Tarin Kowt, Uruzgan, yn Afganistan
© ANP
Har militêre ûnderfining helpt Kaastra by it wurk. "Ik denk dat je door een stuk levenservaring heel wat meer kan bieden aan de jongelui die wij begeleiden. Als militair was ik gewend om heel duidelijk te zijn in de communicatie. Dat kan ik meegeven aan mijn bewoners: heldere communicatie, rustig blijven in onvoorziene omstandigheden."
"Samenwerking is heel erg belangrijk", giet se fierder. "Als militair werk je veel met buddy's. Hier moet ik heel goed samenwerken met collega's en de bewoners om hun wensen en doelen samen te bereiken."

Oar byld

Kaastra wol graach sjen litte dat feteranen noch lang net ôfskreaun binne foar de mienskip. "Als jonge meid van 20 ben ik uitgezonden geweest en ik ben zonder schade teruggekomen."
"Vaak zien we documentaires op de tv of films, dat veteranen heel veel schade hebben opgelopen tijdens hun missie, maar dat hoeft niet zo te zijn", stelt se. "Ik vind het heel belangrijk om die kant van de veteranen te laten zien."
Kaastra is hiel bliid mei de bocht dy't se naam hat yn har libben. "Als je mij tien jaar geleden gezegd had dat ik de zorg in was gegaan, dan had ik je niet geloofd. Maar ik heb de keuze wel gemaakt en ik had niet anders gewild."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.