Omrop Fryslân

Fryslân teloarsteld yn ferdieling NOM-jild: "Balâns is hielendal fuort"

De NOM ynvestearre ôfrûne jierren ûnder oare yn de WaterCampus
© Jan Bensliman
De provinsje Fryslân wol in grutter oandiel fan it jild dat de NOM beskikber hat foar de trije noardlike provinsjes. "De balâns is echt hielendal fuort", seit deputearre Friso Douwstra.
It Fryske provinsjebestjoer is sa ûntefreden oer de ferdieling fan it jild dat de Investerings- en Ontwikkelingsmaatschappij voor Noord-Nederland (NOM) beskikber hat foar de trije noardlike provinsjes, dat se it jierplan 2025 en it mearjierrekader fan de NOM ôfkarde. Dat barde yn de NOM-oandielhâldersgearkomste ein ferline jier.
Deputearre Friso Douwstra
© Provinsje Fryslân
"It ynvestearre fermogen fan de NOM is bedoeld foar hiel Noard-Nederlân", seit deputearre Douwstra. "De ferdieling oer de ynvestearringsgebieten Grinslân, Fryslân en Drinte is net korrekt. De balâns is echt hielendal fuort wannear'tst sjochst nei wat yn Grinslân en wat yn Drinte en Fryslân ynvestearre wurdt."
De ûnfrede hjiroer skimeret al langer, stelt Douwstra. "It is al in tiid sa."

"Hast 60 prosint nei Grinslân"

De 20 prosint fan it NOM-budzjet dy't der neffens Douwstra yn 2023 nei Fryslân gie, is wat him oanbelanget in grut kontrast mei it oandiel fan it jild foar projekten en finansieringen fan bedriuwen yn Grinslân. Foar Drinte neamt Douwstra in persintaazje fan 21 persint. Wat ynhâldt dat hast 60 persint fan de NOM-miljoenen yn 2023 nei Grinslân gienen.
Yn 2024 wiene de persintaazjes foar Fryslân en Drinte, respektyflik 16 en 25 persint. Ek ôfrûne jier bedarre dus sa'n 60 persint fan eltse NOM-euro yn Grinslân.
Foar in oare ferdieling fan it NOM-budzjet moat neffens Douwstra better sjoen wurden nei it belang fan de Fryske ekonomy.
"Hoe't de ferdieling eksakt wêze moat, is dreech, mar we binne mei trije provinsjes, dus elts in tredde soene we moai fine. Mar dat is miskien net hielendal reëel, want do kinst nea hielendal yn it foar sjen hokker bedriuw wêr begjint of in ynvestearringsfraach hat."
Yn omfang, yn ynwenners, oantal bedriuwen is de Fryske ekonomy it grutst.
Friso Douwstra
Mar betink wol, seit Douwstra, dat de Fryske ekonomy de grutste fan Noard-Nederlân is. "Yn omfang, yn ynwenners, oantal bedriuwen. Dus hoe kinst dat mear yn balâns bringe? It is ek foar de takomst fan de hiele noardlike ekonomy fan belang om dy byinoar te bringen."

Net earder ôfkard

De NOM lit witte dat yn it 50-jierrige bestean fan de organisaasje net earder in jierplan troch ien fan de trije provinsjes ôfkard is.
"We zijn in gesprek met de provincie Fryslân", reagearret de NOM. "Daar gaan we waarschijnlijk samen uitkomen. De reden voor het gesprek is iets tussen de provincie en de NOM."
Oer de "brike ferdieling", dy't Douwstra neamt, seit de NOM: "De NOM kijkt naar totale regio vanuit innoveren, internationaliseren en investeren. Daarnaast beheert de NOM diverse regionale fondsen met verschillende budgetten. Dit vertaalt zich niet in een provinciale verdeelsleutel."
Yn it NOM-jierferslach oer 2023 skriuwt de organisaasje dat de 41 nije ynvestearringen yn dat jier 'goed [zijn] verdeeld over de provincies en sectoren waarin we actief zijn'. De totale ynvestearringomfang yn 2023 wie 22,4 miljoen. Fan de festiging fan bûtenlânske bedriuwen yn 2023 wêrby't de NOM belutsen wie, kamen der trije nei Fryslân, ien nei Grinslân (Google, Winschoten) en ien nei Eelde; it Kanadeeske Plasticase.

Oandacht foar Fryslân

Deputearre Douwstra rjocht syn beswieren net inkeld op jild. It giet neffens him ek om de oandacht dy't de NOM skinkt oan de provinsje Fryslân. By de opset fan bygelyks ynnovaasjeprogramma's komt Fryslân der neffens him ek bekaaid út.
We freegje ús ôf oft de NOM besteging fan it NIJ Begun-jild dwaan moat.
Friso Douwstra
Douwstra sjocht al wol in ferskowing: "Der is yn 2024 ynvestearre op aktiviteiten en oanwêzigens fan de NOM út op bygelyks de WaterCampus." Dat lêste is in yn wettertechnology spesjalisearre bedriuwekluster yn Ljouwert. De NOM soe mear op dizze wize fokusje moatte op sterke sektoaren yn Fryslân, mient Douwstra.

Nij Begun-jild

De Fryske deputearre stelt net út te wêzen op in greep yn de pot mei 4,5 miljard oan Nij Begun-jild dat foar de kommende tritich jier oan Grinslân takend is as kompensaasje foar de ierdbevingsellinde. Douwstra: "We gean net oer it jild dat Den Haag oan Grinslân besteget."
Wol seit hy hjiroer: "We freegje ús ôf oft de NOM de besteging fan it jild dwaan moat. Wannear't minsken fan de NOM dêrmei dwaande wêze kinne, kinne se net aktyf wêze foar Fryslân of Drinte. Miskien moat Grinslân dit sels dwaan."
Douwstra fynt dat hy mei syn pleit foar it opnij ferdielen fan stipersjild in krekte bydrage leveret oan de gearwurking tusken de trije noardlike provinsjes. "Ik tink dat it goed is hoe't we tegearre oplûke en nei inoar lústerje om tegearre de noardlike ekonomy te fersterkjen."

Momintopname

Henk Emmens, de Grinzer deputearre mei ekonomyske saken yn syn portefúlje, seit begryp te hawwen foar de opmerkingen fan syn Fryske kollega.
"Maar de verdeling van gelden is een momentopname en de economie van Groningen is een andere dan die in Fryslân", ljochtet Emmens ta.
"Het zegt niks over de inzet van de NOM om bedrijven te krijgen in Fryslân, Groningen en Drenthe. Die inspanningen zijn niet minder voor Fryslân dan voor Groningen. Alleen Groningen is met Zernike Science Park en de twee zeehavens soms een interessantere plek voor bedrijven om zich te vestigen."
Emmens giet derfan út dat de NOM-kwestje de noardlike ienriedigens net dwers sitte sil. It is goed om inoar skerp te hâlden, seit Emmens.
"De samenwerking is heus niet voorbij. We treffen elkaar overal. Samenwerking is er niet alleen op economisch gebied, maar ook op onderwerpen als landbouw, natuur of mobiliteit. En er zijn lobbydossiers waar we samen optrekken."
"Het economisch domein wordt telkens heel cijfermatig benaderd. Ik denk dat het goed is om daar gesprekken over te hebben."
De kwestje komt op de folgjende oandielhâldersgearkomste fan de NOM oan bod.

Wat docht de NOM?

De Investerings- en Ontwikkelingsmaatschappij voor Noord-Nederland waard yn 1974 opset om de efterstallige noardlike ekonomy oan te jagen. No wurket de NOM mear oan it sterk meitsjen fan de regionale ekonomy troch it 'takomstich fertsjinfermogen' te ferbetterjen.
De NOM docht dat troch te ynvestearjen yn bedriuwen en projekten dy't nije technologyen op gong bringe moatte. Ek set de organisaasje har yn om bedriuwen nei Noard-Nederlân te heljen. De NOM is foar de helte yn hannen fan it Ryk. Grinslân, Fryslân en Drinte besitte de oare helte fan de oandielen.
It totaal ynvestearre fermogen fan de NOM is 150 miljoen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.