Omrop Fryslân

Persoan yn it wetter by Stynsgea

De helptsjinsten by it wetter
© SRFotografie
In persoan is moandeitejûn yn it wetter rekke by Stynsgea.
De brânwacht slagge deryn om de persoan út it wetter te fiskjen. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
Hoe't de persoan krekt yn it wetter bedarje koe, is net dúdlik.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.