Omrop Fryslân

Floris (4) en syn suske Tessa (2 moannen) ha beiden in metaboale sykte: "It is net te befetsjen"

Floris, Jeroen, Tessa en Hendrika
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It libben fan Hendrika Sinnema en har partner Jeroen Keuning is dit jier hielendal op de kop set. Har beide bern Floris en Tessa hawwe in metaboale sykte en wurde net mear better.
It wie febrewaris dit jier doe't de no fjouwerjierrige Floris ynienen te lijen hie fan hertfalen en in harsenynfarkt krige. It die bliken dat hy de ûngenêslike metaboale sykte PPA2 hat. Syn suske is berne yn septimber en hat deseldde kwaal.

Metaboale sykte

Mei de aksje 'Serious Request' freget de radiostjoerder 3FM dit jier omtinken foar metaboale sykten.
Om de dei wurdt der in berntsje mei in metaboale sykte berne. Sy komme faak foar harren 18e jierdei al te ferstjerren. Dêrmei is it de grutste deadsoarsaak by bern.
Floris en Tessa binne tige kwetsber, seit harren mem. "As se in firusynfeksje oprinne of alkohol of asyn binnenkrije, dan bejout it hert it: it kin akút hertfalen of hertritmesteurnissen feroarsaakje. En dat is hiel gefaarlik."
Foar de âlden is it in grutte skok dat harren bern slim siik binne en nei alle gedachten net âld wurde sille. "It is net te befetsjen. Us hiele libben stiet no foar hûndert prosint yn it ramt fan Floris en Tessa. Wy sette alles oan de kant om se sa sûn mooglik te hâlden."
Broerke en suske hawwe beiden in metaboale sykte
Heit en mem krigen hjoed stipe fan tsientallen minsken dy't op de fyts stapten nei Zwolle, dêr't it Glêzen Hûs fan radiostjoerder 3FM stiet. Dêr wurdt mei de aksje Serious Request jild ynsammele foar de bestriding fan metaboale sykten.
Ien fan de gesichten fan de aksje is de fjouwerjierrige Jelte de Haan fan Ljouwert.
Der binne yntusken al miljoenen euro's ynsammele. Ut It Hearrenfean is mear as 30.000 euro meinaam op de fyts.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.