Omrop Fryslân

Apoteken yn de spagaat: "Begrip voor staking, maar negen dagen is absoluut niet wenselijk"

Ofbylding as yllustraasje
© Omrop Fryslân
Apoteken sitte yn de spagaat. De staking dy't fakbûnen CNV en FNV op 23, 24 en 27 desimber oankundige hawwe, soarget foar in grut dilemma. Troch de kombinaasje fan de Krystdagen en wykeinen om de stakingsdagen hinne, binne apoteken njoggen dagen ticht.
Dat is neffens de wurkjouwersorganisaasjes te lang en dêrom spanne sy in koart pleit oan.

Drokste perioade fan it jier

It koart pleit is oanfrege troch de Associatie van Ketenapotheken (ASKA) en Werkgeversvereniging Zelfstandige Openbare Apothekers (WZOA). Beide organisaasjes wolle yn in koart pleit it oardiel fan de rjochter freegje. De rjochtsaak tsjinnet tongersdeitemiddei by de rjochtbank yn Utert.
Apoteker Rogier Hilbers, dy't ûnder oare de apoteek yn Easterwâlde ûnder syn hoede hat, begrypt dat syn meiwurkers mear jild fertsjinje wolle, mar sjocht net wêr't dat op it stuit weikomme moat. "De vergoeding vanuit de zorgverzekeraars gaat niet omhoog, dus ik zie geen ruimte op dit moment om de lonen te verhogen."
De reguliere aanvraag van medicatie wordt met een langdurige sluiting vanzelf spoedeisend. Dat moeten apothekers dan oplossen, omdat zij de spoedzorg regelen.
Rogier Hilbers, Fryske Apotekersorganisaasje
Ek de trije stakingsdagen begrypt Hilbers wol, allinnich falt it yn de drokste perioade fan it jier en is de praktyske útwurking dat apoteken yn totaal yn it slimste gefal njoggen dagen ticht binne. "De reguliere aanvragen van medicatie worden dan op den duur vanzelf spoedeisend."
De apotekers steane dêr dan sels foar oan de line. "Die verzorgen de spoedaanvragen en daarnaast blijven apothekers eindverantwoordelijke op het gebied van medicijnuitgifte en -veiligheid."
Apoteker Rogier Hilbers
© Omrop Fryslân
Foar apotekersassistinten is de maat fol. "Het staken druist tegen ons gevoel in, maar het kan niet anders", vertelt apotekersassistinte Olga Ettema.
"We hebben al maanden geen CAO en de nieuwe CAO voorziet maar in een loonsverhoging van 2%. Terwijl landelijk de lonen bijna 7 procent zijn gestegen."

Net de earste staking

It is net de earste kear dat apotekers stake. Earder dit jier gie it al om koartere perioades wêryn't staakt waard.
De meiwurkers sitte foaral yn de mage mei it bargebiten tusken de soarchfersekerders en wurkjouwers. "Ze wijzen constant naar elkaar, terwijl wij ons werk gewoon blijven doen", vertelt Ettema.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.