Omrop Fryslân

Fersmoarge grûn fleanbasis wurdt begjin takom jier sanearre

PFOS yn de Jelsumer Feart komt fan de fleanbasis
© Omrop Fryslân
De fersmoarge PFOS-grûn op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt yn febrewaris of maart sanearre.
It wie de bedoeling dat de fersmoarge grûn nei ôfrûne simmer ôfgroeven en sanearre wurde soe, mar dat is oant no ta net slagge. Definsje hie doe it plan fan oanpak foar it sanearjen noch net klear.
Earder dit jier is PFOS yn hege konsintraasjes fûn yn de Jelsumer Feart. Letter die bliken dat de boarne fan de fersmoarging de fleanbasis is.
Yn it wetter oan de eastkant fan de fleanbasis is goed 13.000 kear safolle PFOS metten as tastien is. Yn de rioelbuis fan de fleanbasis is 2.000 kear de noarm metten.

Tarieding úteinset

Yntusken is it tariedende wurk úteinset by de fleanbasis foar de sanearring fan it eardere brânwachtoefenterrein. Dit is fersmoarge om't PFOS yn it ferline yn it blusskom fan de brânwacht siet.
"Dit deel kan relatief snel en eenvoudig worden verwijderd", meldt definsje. Dat kin, om't it grutste part fan de fersmoarge grûn boppe wetter is.

PFOS

PFOS, ek wol perfluoroctaansulfonaten, binne gemyske stoffen dy't ûnder de famylje fan de PFAS (poly- en perfluoralkylstoffen) falle. PFOS stjit wetter, fet en smoargens ôf. Dat is handich foar produkten as skjinmakmiddels, reinjassen of anty-oanbakpannen.
As minsken it te folle binnen krije, kin it op lange termyn kanker feroarsaakje en it ymmúnsysteem oantaaste.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.