Gjin militêre brêge as ferfanging brêge Twellingea: "Pont is ek fan de baan"
Der komt gjin militêre brêge as ferfanging fan de ôfsletten brêge yn de Nije Dyk tusken Twellingea en De Jouwer. Ek in pont op dat plak is gjin opsje.
Dat seit wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân. Freedtemiddei hat der oerlis west oer de brêge. Rykswettersteat en de gemeente De Fryske Marren wiene dêr ek by.
De brêge yn de Nije Dyk by Twellingea waard 27 novimber ôfsletten foar al it auto- en lânbouferkear. Allinnich fuotgongers en fytsers meie noch oer de brêge. Der binne neffens Rykswettersteat ekstra ynspeksjes nedich. De feilichheid komt yn gefaar as der swier ferkear oer de brêge rydt.
Neffens Rietman is it idee foar in militêre brêge wol besprutsen, mar net helber. "Zo'n brug komt dan op het water te liggen, dat betekent dat er geen vaarverkeer mogelijk is. De impact is dan te groot voor zowel de beroeps- als recreatievaart."
In ferbining mei in pont hat freed ek oan de oarder west, seit Rietman. "Maar dat lijkt gemakkelijker dan het in werkelijkheid is. Het vaarwater is ter hoogte van de Nije Dyk heel smal. Het is de inschatting van Rijkswaterstaat dat er gevaarlijke situaties zouden ontstaan in combinatie met de beroepsvaart."
'Worst-case-senario'
Yn it oerlis tusken de gemeenten en Rykswettersteat is ek it 'worst-case-senario' besprutsen. Dat is dat yn febrewaris by de ynspeksjes bliken dwaan soe dat de betonnen pylders fan de brêge yn minne steat binne.
Dan is it net mooglik om in needbrêge oan te lizzen. Yn dat gefal bliuwt de situaasje sa't dy is: alle auto's, frachtauto's en trekkers moatte omride. Yn dat gefal moat wachte wurde oant it wurk oan de Prinses Margriettunnel, in eintsje fierderop, klear is. Nei ferwachting is dat pas ein 2025.
Net earder as yn 2026 kin eventueel in bypass makke wurde fan de Nije Dyk nei de tunnelbak fan de A7.