Omrop Fryslân

Djipladers en mooglik beltaksys fanwege sletten brêge Twellingea: "Misschien brug over brug"

Der komme tydlike oplossingen foar de brêge by Twellingea
© Omrop Fryslân
Undernimmers dy't problemen ûnderfine mei de sluting fan de brêge by Twellingea, kinne fan tiisdei ôf gebrûk meitsje fan djipladers. Dêrneist tinkt Rykswettersteat oan beltaksys foar omwenners.
Mei help fan de djipladers kinne de ûndernimmers harren (lânbou) weinen troch de Prinses Margriettunnel ferfiere.
Rykswettersteat sjocht ek nei in tydlike oplossing foar omwenners. "Het kan zijn dat we beltaxi's voor hen inzetten. Want het is bijvoorbeeld goed mogelijk dat kinderen aan de andere kant moeten zijn voor school", seit Agnes Bernardt in wurdfierder fan Rykswettersteat. "Mensen kunnen daarvoor nu ook bellen naar de landelijk infolijn van Rijkswaterstaat."

Beltaksys

Hoe't de situaasje úteinlik oplost wurdt, is neffens har noch net dúdlik. "Een noodbrug? Dat is mogelijk, alleen kan er dan geen beroepsscheepvaart meer door. Daar kiezen we daarom nu niet voor. Wel is het bijvoorbeeld mogelijk om een brug over een bestaande brug heen te bouwen."
De brêge by Twellingea is sûnt 27 novimber sletten om't er yn minne steat sit. De feiligens kin sadwaande net garandearre wurde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.