Omrop Fryslân

Heit en soan knappe legindarysk sylskip op foar nije wrâldreis

Gijs en Peter Koek op it dek fan De Tijgerhaai
© Omrop Fryslan
Gijs Koek (28) is drok dwaande mei it betimmerjen fan it stjoerhûs, ûnder yn it rom makket syn heit Peter Koek (76) in houten kastdoarke op maat. Tegearre binne se al twa jier oan 'e gong mei it wer farklear meitsjen fan sylskip De Tijgerhaai.
De skoener leit no oan de Greuns yn Ljouwert. It skip is yn 1944 boud yn Kanada as sleepboat. Peter Koek keapet De Tijgerhaai tegearre mei syn heit Adriaan yn 1976. Koek senior wol in wrâldreis meitsje, mar dan moat de boat earst wol yngripend ferboud wurde ta sylskip.
Adriaan Koek, de heit fan Peter, yn in fotoalbum
© Omrop Fryslan
It duorret úteinlik trettjin jier foar 't it safier is. Adriaan en Peter farre dan fjouwer jier lang mei passazjiers de hiele wrâld oer. Yn 1994 komt it skip stil te lizzen. Mar Peter wol it noait ferkeapje, De Tijgerhaai bliuwt yn de famylje.
Peter Koek oan board fan De Tijgerhaai
© Omrop Fryslan
"Het was toen een prachtige reis", seit Peter. "We hebben van alles beleefd, heel veel mensen ontmoet en 60 eilanden bezocht. En eigenlijk ook altijd met goed weer. We hebben één keer een storm gehad met golven van zeven meter hoog, maar dat kan het schip wel hebben."

Haaien en stoarm

De skiednis liket him te werheljen. De enervearjende reis fan syn heit en syn pake ynspirearret de jonge Gijs om ek mei de Tijgerhaai op 'n paad te wollen. "Als jongetje hoorde ik de verhalen al over haaien en stormen, eigenlijk alles wat je als kind spannend vindt."
De Tijgerhaai leit no noch yn Ljouwert
© Omrop Fryslan
Gijs is ek syn hiele libben al ferbûn mei wetter en farren. As jonkje leart hy silen. Nei de middelbere skoalle giet hy nei de Seefeartskoalle op Skylge en dêrnei wurket hy trije jier yn de baggerfeart en de offshore.
It jild dat er dêrmei fertsjinnet giet no yn De Tijgerhaai sitten. Want der moat wol wat barre om it skip, dat sa lang stillein hat, wer klear te meitsjen foar de wrâldseeën. Der komt in hiel nij stjoerhûs op, de achtermêst wurdt ferlinge en de motor ferfongen.
Sjoch hjir de HEA!-reportaazje oer heit en soan Koek en harren skip:
Heit Peter Koek en soan Gijs ferbouwe tachtich jier âld Kanadeesk sylskip
Fan it begjin fan de ferbouwing yn 2022 ôf leit Gijs alles fêst op film en set dat op in eigen YouTube-kanaal: Tigershark Boatworks.
"Mijn vader deed het op zijn reis met nieuwsbrieven, dit is de moderne versie daarvan", laket er. De entûsjaste reaksjes op de filmkes komme fan oer de hiele wrâld, "maar vooral van oudere mannen, hahaha."
Peter genietet fan it tegearre mei syn soan it skip wer farklear te meitsjen. Hy hie noait tocht dat dat barre soe. "Dat is al mooi, ook als ik de nieuwe reis gezien mijn leeftijd niet meer zou meemaken."
Wij zijn niet van de kantoorbanen van negen tot vijf, wij zijn flierefluiters.
Gijs Koek
Heit en soan kinne goed mei-inoar wurkje. "We zijn beide geen praters en werken vaak elk op een ander gedeelte van het schip", seit Gijs. "Maar het is uniek om dit met m'n vader te doen. Wie kan dat nou, en heeft een vader die de tijd en de wil daar ook voor heeft?"
Beide mannen wurkje ek as zzp'ers, se litte harren ferhiere as putsjeman. Sadwaande kinne se sels de tiid yndiele. "Wij zijn niet van de kantoorbanen van negen tot vijf, wij zijn flierefluiters", neffens Gijs. "We moeten de vrijheid hebben om ook hier bezig te zijn."
Peter en Gijs tegearre oan it wurk
© Omrop Fryslan
Foar it opknappen fan De Tijgerhaai wurkje de Koeken eins allinne mar mei earder brûkt materiaal, se keapje neat nij. "Alle materiaal is in de loop van de jaren verzameld, en dat kunnen we nu gebruiken. We hebben een loods vol bende, soms weten we zelf ook niet meer wat we hebben."
It wurk sit harren ek net achter. "Het is klaar als het klaar is. We moeten eerst ook nog proefvaren met kleine reisjes en alles testen enzo. We nemen het ruim, laten we zeggen over een jaar of drie de eerste grote reis?"
Gijs Koek yn it stjoerhûs fan De Tijgerhaai
© Omrop Fryslan
In konkreet plan foar in wrâldreis leit der noch net, in earste reisdoel al wol: Spitsbergen. "Dat heeft m'n zusje bedacht, we willen er naar toe nu er nog ijs ligt", seit Gijs. Peter: "En als ik het nog meemaak, dan mag ik mee als ketelbinkie, als dekzwabber!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.