Omrop Fryslân

Soad famyljebedriuwen yn Fryslân, sjoch hjir hoe't it yn dyn gemeente sit

Benammen yn de lânbou binne der in soad famyljebedriuwen
© ANP
Goed ien op de fiif bedriuwen yn Fryslân is in famyljebedriuw. Allinnich yn Oerisel en Seelân leit it oandiel famyljebedriuwen heger.
Yn totaal binne der yn Fryslân sa'n 16.400 famyljebedriuwen. Op it totaal fan 78.400 bedriuwen is dat sa'n 20,9 prosint. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
Benammen yn de sektor lânbou, boskbou en fiskerij is in grut part fan de bedriuwen in famyljebedriuw: 51 prosint. Ek yn de hoareka (42 prosint) komme famyljebedriuwen faak foar.

Wat is in famyljebedriuw?

It CBS beskôget in bedriuw as famyljebedriuw as ien famylje direkt of yndirekt in mearderheid fan sissenskip hat. De famylje moat formeel belutsen wêze by it bestjoer en it bedriuw moat ek juridysk oerdraachber wêze. Bedriuwen fan selsstannigen sûnder personiel rekkenet it CBS ta in aparte groep.
Famyljebedriuwen binne faak relatyf lytse bedriuwen. Fan de goed 93.000 minsken dy't by in Frysk famyljebedriuw wurkje, sit mear as de helte (51.200) by in bedriuw fan minder as 50 minsken.
Yn Fryslân is it oandiel famyljebedriuwen benammen grut op de eilannen. It Amelân stekt derboppe út: mear as ien op de trije bedriuwen is dêr in famyljebedriuw. Op it Fryske fêstelân binne benammen yn De Fryske Marren in soad bedriuwen yn hannen fan famyljes.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.