BBB yn alle steaten: "Minder woartel, mear frikandel"
Yn diel trije fan de FryslânDOK-rige 'BBB yn alle steaten' litte keunst- en kultuerynstânsjes har protesten hearre tsjin de provinsjale besunigings op kultuer en taal.
De kultuernota hjit 'Tosken yn in nije tiid', mar de útspraak fan deputearre Sijbe Knol, "minder woartel, mear frikandel", wurdt better ûntholden. Wat bestjut dy útspraak foar it belied?, freget de kultuersektor him ôf.
De emoasjes rûnen heech op by de kommisjegearkomste op 5 juny. Deputearren Eke Folkerts (BBB) en Sijbe Knol (FNP) waarden flink oan de tosk field.
Knol moast benammen syn eardere útspraak, dy't er yn de Leeuwarder Courant die, útlizze. Mei "minder woartel, mear frikandel" bedoelde de deputearre minder jild en omtinken foar eksperimintele keunst en just mear oandacht foar plattelânskultuer.
Deputearre Eke Folkerts oer de kwestje: "It wurdt yn it flauwe lutsen, mar it is ús wol mienens. In protte kultuer dy't wy as fanselssprekkend sjogge, sa as doarpsfeesten, wurde troch de minsken sels regele. Dy freegje ek nearne om. Foar in grut diel fan de Friezen is it wol de kultuerbelibbing fan ús provinsje."
As minsken spuie op dit soarte organisaasjes, dan wit ik wol wêr't de twadieling ûntstiet. Net op it Provinsjehûs, want wy binne der foar elkenien.
Guon eveneminten krije gjin subsydzje en kinne harsels bedrippe, mei help fan sponsors. Yn de dokumintêre is te sjen dat Folkerts en Knol op wurkbesite gean by it Feanhoopfestival. In festival dat himsels al 70 jier rêdt sûnder subsydzje.
Twadieling
Neffens Sijbe Knol is der in twadieling yn Fryslân, en ûntstiet dy yn it 'artistike oardiel'. Knol: "As minsken spuie op dit soarte organisaasjes, dan wit ik wol wêr't de twadieling ûntstiet. Dy ûntstiet net op it Provinsjehûs, want wy binne der foar elkenien."
Folkerts mient dat der soms mei 'dedain' delsjoen wurdt op dit soarte feesten. "Mar dit sprekt in grutte doelgroep oan, krekt as oare aktiviteiten in eigen doelgroep oanlûke. It soe moai wêze as se wat mear minge", seit de deputearre.
Op 19 juny ha Provinsjale Steaten yn mearderheid ynstimd mei de besunigings op kultuer.
Ek yn diel trije fan 'BBB yn alle steaten' wurde BBB-steateleden portrettearre. Auke Talsma fan Wjelsryp is boer en hat syn pleats oerdien oan de bern. Hy mei graach melke, dus eltse moarn om fjouwer oere stiet er yn de molkstâl.
Talsma wie earder CDA-riedslid en is oerstapt nei de BBB. Hy fielt him dêr thús mar sjocht ek kritysk nei syn partij, want hy hat in nuansearre fisy op de takomst fan de lânbou yn ús lân.
FryslânDOK
'Minder woartel, mear frikandel', diel 3 fan de FryslânDOK-rige 'BBB yn alle steaten', wurdt útstjoerd op sneon 30 novimber om 15.30 oere op NPO2. Op snein 1 desimber is er alle oeren te sjen by Omrop Fryslân, fan 17.00 oere ôf.
Jan Porsius is de jongste fan de 14 BBB'ers. Hy komt fan in pleats yn it feangreidegebiet by natuergebiet De Deelen. It buorkjen dêr, njonken in Natura 2000-gebiet, wie hiel lestich wurden. It wetterpeil gong omheech en de pleats fersakke. Boppedat hiene se in protte lêst fan guozzen op it lân.
Yn de FryslânDOK sjogge we dat it bedriuw ferkocht wurde moat. Foar Porsius wie de drege situaasje fan de buorkerij fan syn âlden de belangrykste oanlieding om de polityk yn te gean. Ek de tragyske skiednis fan syn pake en beppe spile mei.