Omrop Fryslân

Brêge Twellingea fuortendaliks ticht foar autoferkear: feilichheid net garandearre

It boadskip is dúdlik: op de Nije Dyk meist net mear fierder
© Rudy Bouma/RBNieuws.nl
Auto- en lânbouferkear mei foarearst net mear oer de brêge by Twellingea ride. Ut ûndersyk docht bliken dat de brêge yn minne steat is en de feilichheid net garandearre wurde kin.
Rykswettersteat slút de brêge fan 'e middei om 14.00 oere. Fytsers en kuierders meie der noch wol oer, mar auto's en lânbouweinen moatte in oare rûte sykje.
Foardat dat ferkear wer oer de brêge mei, moat der neffens Rykswettersteat earst in neiere ynspeksje nei de konstruksje fan de brêge dien wurde. De resultaten soene mids febrewaris pas ferwachte wurde.

Rap efterútgien

Ein septimber waard al opholden mei it betsjinjen fan de brêge by Twellingea foar de skipfeart.Troch it omheech- en omleechgean koene skuorren yn de stielkonstruksje fan de brêge ûntstean.
De brêge fan Twellingea
© Omrop Fryslân
Troch it ôfsluten fan de Prinses Margriettunnel yn de A7 yn desimber 2022, krige de brêge fan Twellingea mei folle mear ferkear te krijen as oars.
Neffens Rykswettersteat is dat ien fan de redenen dat de brêge flugger efterútgien is as foarsjoen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.