Omrop Fryslân

Lêste bewenster wegeret camping Aldehaske te ferlitten

Wilma ûnder har oerkaping
© Omrop Fryslân
It is ien grutte bouput: camping Nannewiid yn Aldehaske. Bulldozers binne drok dwaande mei sloopwurk; de camping wurdt omboud ta fakânsjepark mei lúkse ferbliuwen. Dochs wennet der noch ien frou op 'e camping, dy't wegeret om fuort te gean: Wilma Haars.
Der steane noch in pear ferlitten caravans en al it grien is al fuorthelle. Je sjogge de caravan fan Wilma net fuortendaliks as je oankomme op it terrein. Har wenplak is ôfskieden mei klimmerblêd (klimop).
"Zover je het nog wonen kunt noemen", fertelt se yn har tún. Se docht har ferhaal bûten, om't it dêr waarmer is as yn har caravan.
Sûnt 1 novimber is alles op 'e camping sletten. Dêrom hat se gjin stroom en wetter mear. It is kâld; har caravan kin net op tsjin de winter. Dochs wol se der net wei.
Lêste bewenner op camping Nannewiid
It giet har net perfoarst om har wenning mei tún. "Natuurlijk zou ik hier wel willen blijven, maar ik ga wachten tot de gemeente mij een andere optie aanbiedt."

Ferneatige

Se wol dat de gemeente De Fryske Marren aktiver oan 'e slach giet mei de wenningneed. Sy fynt it skande dat de caravans dy't no noch op 'e camping steane, aansten ferneatige wurde. Dêrom wol se in stik lân dêr't dy caravans hinne kinne.
De gemeente hat by har west om te praten. Nei eigen sizzen hat se in alternatyf oanbean krigen yn Terherne.
"Ik pas daarvoor, want ik ga niet in een nog slechtere omgeving zitten. Het is daar eigenlijk net zoals hier, maar dan zit je er elke dag in", sa doelt se op 'e omstannichheden dêr't se no yn libbet.
It terrein fan camping Nannewiid
© Omrop Fryslân
De camping giet folslein op 'e skeppe. De projektûntwikkelder wol nije chalets op 'e camping delsette. It hûs dêr't Haars no noch wennet, stiet midden op it terrein. Dêrmei sit se it projekt yn it paad.
"Ik heb gezegd dat ik mee wil werken als hij met een mooie oplossing komt. Er is mij een heel mooi aanbod gedaan. Ze hebben mij aangeboden om in een winterharde caravan te verblijven."
Projektûntwikkelder Uniq Vastgoed lit yn in reaksje witte dat se Haars net samar op strjitte sette. "Eigenlijk mag ze daar niet wonen, maar we hebben ook een moreel kompas. Ze is in gesprek met bepaalde instanties en op zoek naar iets wat voor haar passend is."
De nije caravan fan Wilma
© Omrop Fryslân
Haars sil dizze dagen ferhúzje nei in caravan flak by de yngong fan it park. Mei in kroade sil se har spullen oerpleatse. Se is der wiis mei, want dêr sil it in stik waarmer wêze.
Wannear't se dan echt ferhúzje sil fan de camping, lit se ôfhingje fan de gemeente De Fryske Marren. Salang't sy der net tegearre útkomme, bliuwt sy yn har nije ûnderkommen.
De gemeente De Fryske Marren hat noch gjin reaksje jûn op it ferhaal fan Haars.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.