Jeroen Gebben fuort as boargemaster Tytsjerksteradiel, sil oan de slach by de Veiligheidsregio
Jeroen Gebben hâldt op as boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Hy makket de oerstap nei de Veiligheidsregio, dêr't hy direkteur Feiligens en algemien kommandant fan de brânwacht Fryslân wurdt.
Gebben begjint op 1 maart 2025 oan syn nije funksje. In dei earder is syn lêste wurkdei yn Tytsjerksteradiel. Dat is dan presys acht jier nei syn ynstallaasje.
"Ik sjoch mei in goed gefoel werom op myn amtsperioade yn Tytsjerksteradiel", seit Gebben. "En ik bin hiel fereare dat ik dizze funksje by de Veiligheidsregio ynfolje mei.
De gemeenteried sil no oan de slach mei it opstarten foar in proseduere fan de opfolger. Foardat Gebben boargemaster wie yn Tytsjerksteradiel, wie hy ûnder mear gemeenteriedslid foar de VVD yn Barendrecht, en wie hy wethâlder en lokoboargemaster yn dy gemeente.