Omrop Fryslân

De Vrieske Wike: "It earste dat politisy ferjitte, is harren geheugen"

De gasten dizze wike
© Omrop Fryslân
"Ik bin der noch net gerêst op dat de ferheging fan de btw op sport en kultuer definityf fan tafel is." Dat seit haadredakteur Maarten Pennewaard fan de Leeuwarder Courant.
Pennewaard ferwiist dêrby nei âld-premier Mark Rutte, dy't ferskate kearen 'geen actieve herinnering' as ekskús brûkte.
"It earste dat politisy ferjitte, is harren geheugen", konkludearret hy dan ek oer de belofte fan minister Heinen fan Finânsjen om de ferheging fan de btw kommend foarjier yn te lûken.
"It is hiel yngewikkeld om mei dit regear ta oerienstimming te kommen", fertelt deputearre Matthijs de Vries (ChristenUnie). Dochs hopet hy net perfoarst dat it kabinet gau falt.
"Dan wurdt alles demisjonêr en moat ik as bestjoerder wer in jier wachtsje foar ik saken dwaan kin yn Den Haag."

Dûbeld paspoart

Steatelid Maarten Goudzwaard (JA21) pleitte foar it ôfpakken fan it Nederlânsk paspoart, wannear't ien mei in dûbelde nasjonaliteit 'struktureel misdieden pleget en struktureel sjen lit dat se net ta ús mienskip hearre wolle'.
"Ik sis net dat it perfoarst moat", sa seit Goudzwaard yn reaksje op de rellen yn Amsterdam. "Mar binnen de mooglikheden fan de rjochtsteat is it in opsje dêr'tst serieus nei sjen moatst."

De Vrieske Wike weromharkje

Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten.
Hy ûntfangt boeiende en ynfloedrike gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild.
De Vrieske Wike is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere ôfleverings werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.