Minne moanne foar Fryske bedriuwen: alve falliseminten yn oktober
Mei alve falliseminten is oktober ien fan de minste moannen fan it jier foar Fryske bedriuwen. Under oare in molkstâlbedriuw mei ynternasjonale klanten, ien fan de grutste lp-makkers fan it lân en de lêste twa grientewinkels fan Vershof Doldersum waarden fallyt ferklearre.
Begjin dizze iuw telde Fryslân noch alve Doldersum-grientewinkels. Mar it bedriuw krige it dreech troch tanimmende konkurrinsje fan supermerken. Nei ferskate falliseminten en trochstarts bleaune twa oer, ien yn Ljouwert en de oare yn Drachten.
No falt ek it doek foar de lêste twa fêstigingen. In wichtige oarsaak dêrfan is neffens de kurator it auto-earm meitsjen fan it sintrum fan Drachten.
Earder kaam de winkel al yn de problemen troch oerheidsbelied. Troch de fertrage bou fan in parkeargaraazje yn Drachten yn 2008 rûn de winkel nei eigen sizzen tusken de fjouwer en seis ton mis. Vershof Doldersum, ynskreaun yn Hoogeveen, is 8 oktober troch de rjochtbank fan Noard-Nederlân fallyt ferklearre.
It giet ek min mei de grientewinkels fan Aardappelhandel Kruizinga. Fan it maitiid al sleat de fêstiging op It Hearrenfean de doarren. Op 28 oktober is it bedriuw fallyt ferklearre en moast ek de fêstiging op De Gordyk slute.
Fan ynternasjonaal miljoenesukses nei fallisemint
Op 8 oktober binne ek Farm Service út Ljouwert en FarmersDirect Coffee út Boalsert fallyt ferklearre. Beide bedriuwen wiene saken dêr't miljoenen yn omgiene.
Yn 1981 waard Farm Service oprjochte. It gong se lang foar de wyn, yn de jierren 90 stie grutsk op de webside dat se net allinnich aktyf wiene yn Nederlân, mar dat se ek mannich klant hiene yn it Midden-Easten. It bedriuw levere melkmasines en oare apparatuer foar feehâlderij.
Wat der krekt ferkeard gien is, is ûndúdlik, it bedriuw hat in skuldelêst fan 1,5 miljoen.
FarmersDirect Coffee is mei oprjochte troch de eardere CEO fan Ahold Coffee. It bedriuw ûnderskate him troch de earlike priis dy't sy betellen foar kofje.
Op de app fan it bedriuw koe elkenien yn de ketting sjen hoefolle oft elke partij fertsjinne. Dat soarge foar lytse winstmarzjes foar FarmersDirect Coffee. Troch skommeljende prizen rekke it bedriuw yn de problemen, wat laat hat ta it fallisemint.
Suksesfolle plateperserij út de Blokhúspoarte
Mei de fallytferklearring fan DeepGrooves yn Ljouwert op 22 oktober lit it bedriuw in soad teloarstelde artysten efter. It bedriuw produsearre yn guon jierren mear as in miljoen platen, mar siet al langer yn de problemen en it tal meiwurkers wie al weromrûn.
In mooglike ferklearring foar it fallisemint binne de problemen by Nederlânske recyclebedriuwen. Troch de minne kwaliteit fan it plestik is in grut part net te recycljen. DeepGrooves sette him nammentlik yn op plateproduksje fan recycle biofinyl.
Reklame en ynterieurbedriuwen fallyt
It keuken-montaazjebedriuw Vrouwkje's Montage út Terwispel waard op 15 oktober fallyt ferklearre. It bedriuw stie ek bekend ûnder de namme Keuken Montage Groep.
Dyselde dei waard ek RW Projectstoffering fallyt ferklearre troch de rjochtbank fan Noard-Nederlân. Sawol bedriuwen as partikulieren koene der terjochte foar gerdinen, flierren, stoffearring en sinneskermen. It bedriuw hannele ek ûnder de namme Dijkstra Woonmode en hie filialen yn Gytsjerk, Dokkum en De Gordyk.
Op 22 oktober waard Deco Reclamewerk, ek bekend as Deco Printwerk, út Boalsert fallyt ferklearre. Kurator Martijn van Rongen meldt oan de Leeuwarder Courant dat it om in skuld fan in ton giet. Neffens him is in eventuele trochstart mooglik.
Minne moanne foar de skipfeart
Ofrûne moanne binne trije bedriuwen yn de skipfeart fallyt ferklearre.
Op 8 oktober gie JB Yachtpainting út Aldehaske fallyt. It bedriuw wie aktyf yn it ûnderhâld en reparearjen fan skippen.
Jachtservice Siep Borneman fan Warkum waard op 22 oktober fallyt ferklearre. De jachtservice siet oan de Iselmar en hie dêr in loads fan 7000 kante meter foar de winterstalling fan skippen. De fokus fan it bedriuw lei op nijbou en ferbouwing fan lúkse jachten.
Ek SB Maritiem Beheer út Hylpen is op 22 oktober fallyt ferklearre.