In bysûndere freonskip tusken minske en goes: Marthein Plat en Gurbe binne net te skieden
Unskiedber binne se: Marthein Plat en syn goes Gurbe. Gurbe kaam op de skurte fan Plat út it aai en sûnt dy tiid binne se maten.
Se geane op deselde tiid op bêd en sitte tegearre oan it moarnsbrochje. "Ik ha it idee dat Gurbe tinkt dat hy in minske is. Hy fynt it allinnich nuver dat ik net mei him meiflean."
En krekt dat lêste is wat Plat graach ris foarinoar krije wol. Syn grutte hobby is paraglide en wat soe hy it moai fine om ris tegearre mei Gurbe troch de loft te sweven.
Mar safier is it noch net. Gurbe is no in healjier âld en hy is noch dwaande om te learen hoe't er fleane moat. Dêrom stapt Plat eltse dei op de fyts de natuer yn, sadat Gurbe even in blokje fleane kin.
"Ik moat wol hurd fytse om him by te hâlden, soms gean ik wol fjirtich kilometer de oere."
Gurbe skarrelet by Plat los troch de tún. "Ik soe it moai fine as Gurbe by my bliuwt, mar it kin wêze dat hy ris ôfset. Mar ik tink dat hy wol bliuwt."