"Meitsje dúdlik dat Noarden in oplossing biedt foar problemen fan te fol Westen"
De ienriedigens dêr't Grinslân, Fryslân en Drinte mei nei De Haach ta geane hat net earder sa grut west. "Het Noorden spreekt met één stem. Dat was in het verleden wel anders."
Dat sizze noardlike bestjoerders yn de tv-útstjoering Stand van Noord-Nederland, it ekonomyprogramma dat RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân mei de Sociaal Economische Raad Noord-Nederlân meitsje.
Yn de fjirde ôflevering van Stand van Noord-Nederland leit de fraach op tafel oft it idee dat 'Elke regio telt' ek echt foar omtinken fan De Haach soarget foar ekonomysk swakkere gebieten lykas it Noarden.
Hâlding fan it Noarden sels
Wat de ôfrûne tiid yn elk gefal wol feroare is, is de hâlding fan it Noarden sels. Dat stelle Kommissaris fan de Kening yn Drinte, Jetta Klijnsma en foarsitter Agnes Mulder fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord.
"Het Noorden spreekt met één stem", stelt Mulder, dy't har fan 2012 oant 2023 as Twadde Keamerlid foar it CDA yn De Haach tahold. "Als het gaat om de Lelylijn, de Nedersaksenlijn en het spoorknooppunt bij Meppel zie ik de drie gedeputeerden heel sterk samen optrekken", ferklearret se. "Dat hebben we in het verleden natuurlijk niet altijd gezien. Op dit moment zie ik geen verdeeldheid in de regio. Ik ben daar ook wel erg trots op."
De Drintske Kommissaris fan de Kening Klijnsma ûnderstreke dat. As bewiis foar de noardlike ienriedigens neamde se de ynset fan de regio foar de spoarynfrastruktuer.
Net preekje foar eigen parochy
Yn de oerlizzen dêroer mei De Haach krewearret de deputearre fan Grinslân foar de belangen fan it knooppunt Meppel, in Fryske bestjoerder set him yn foar de Drintsk-Grinslânner Nedersaksenline en de Drintske deputearre fiert de lobby foar de Lelyline oan. "Dat is nooit eerder vertoond", seit Klijnsma. "Het is niet bepaald preken voor eigen parochie."
Njonken Kommissaris fan de Kening is Klijnsma ek foarsitter fan it SNN, it gearwurkingsferbân fan de noardlike provinsjes. Troch Klijnsma yn de útstjoering omskreaun as "het clubje dat regelmatig naar Den Haag tijgert".
Lanlik CNV-foarsitter Piet Fortuin wie kritysk. "Ik rin aardich wat yn De Haach om en ik fernim dat dêr net yn termen fan Noard-Nederlân tocht wurdt, mar dat de provinsjes it útgongspunt binne. En ik sjoch it yn it noardlik bestjoer dochs noch hieltyd in soad konkurrinsje, bygelyks as it giet om it binnenheljen fan bedriuwen."
Sjoch hjir de hiele ôflevering fan Stand van Noord-Nederland:
Yntusken liket De Haach wol mear ynteresse te toanen foar it lot fan de regio, stelle de gasten oan tafel. Spitigernôch wurdt dat noch net omset yn maatregels dy't de trije provinsjes foarút helpe.
"Het regeerprogramma van het kabinet stelt met nadruk dat 'Elke regio telt'", seit Jetta Klijnsma. "Het wordt met de mond beleden in Den Haag. Het helpt als je genoemd wordt, maar er ligt daar nog geen geld op de plank."
"Moaie wurden", reagearret fakbûnfoarsitter Piet Fortuin. "Mar it ûntbrekt oan dieden, lit stean dat der jild foar útlutsen wurdt."
Mulder fan VNO-NCW Noord ferwachtet fan it regear dat it 'Elke regio telt' net as in lege gjalp sjocht: "Het is een mooie kans om aan de regio te laten zien dat men dit serieus neemt."
Flinke winst
Dat der hoe dan ek sprutsen wurdt oer spesifyk regionaal ekonomysk belied is al wol flinke winst, ferklearret heechlearaar en ekonoom Jouke van Dijk. "It regionale belied is yn de foarige iuw ôfskaft en ferfongen troch it topsektoarebelied, dêr't de regio net in soad oan hie. No stiet de regio wer op de kaart. It is reden foar optimisme."
Oardel jier lyn presintearren de ekonomysk swakkere regio's fan Nederlân yn Feanhuzen in advys oan it kabinet. It gefoel dat yn Grinslân, Fryslân en Drinte ûntstie wie dat de blik fan De Haach op de regio's oan it feroarjen wie.
"We dachten, joechei, eindelijk komt daar eens wat inzicht", seit Klijnsma. "Maar het is iets van hele lange adem. Wij blijven erop duwen, drukken en douwen."
It noarden kriget noait wêr't it om freget, allinnich mar wêr't it net om freget.
CNV-foaroanman Fortuin fynt dat de noardlike bestjoerders yn harren oanpak sterker fan de krêft fan de regio út redenearje moatte: "It noarden kriget noait wêr't it om freget, allinnich mar wêr't it net om freget. Moatst De Haach der dus fan oertsjûgje dat dizze regio in oplossing biedt foar problemen fan de Rânestêd: foar de wentebou yn Amsterdam, Utert en Rotterdam, foar it fêstrinnen fan ferkear yn de Rânestêd en foar in goede ferdieling fan wurk."
Goed foar it hiele lân
Klijnsma reagearret aardich fûl: "Reken maar dat deze argumenten hartstikke helder staan in het pakket dat we telkens onder de arm meenemen."
Doch der mar in skepke boppe-op en tromje noch mar hurder, fynt ekonoom Van Dijk. "Meitsje goed dúdlik dat it goed is foar it hiele lân as yn regio's op efterstân ynvestearre wurdt."
Stand van Noord-Nederland
Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op tiisdei om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.