Hart yn need yn Ketliker Skar, mar oplossing is der net
In deim (damhert) dat mei syn gewei en liif yn de tiis rekke is mei tried en tou lûkt al in skoft de oandacht fan besikers fan it Ketliker Skar, in natuergebiet eastlik fan It Hearrenfean. It Fryske Gea en Wildbeheer kinne foarearst neat dwaan foar it bist.
It dier fange en befrije fan syn lêst, of byneed ôfsjitte, is neffens de behearder fan It Fryske Gea yn Súd-Fryslân Richard de Ree suver ûnmooglik. "Het is geen onwil van onze kant, maar je loopt echt niet zomaar even naar dat beest toe."
Alle dagen komme by it besikerssintrum fan It Fryske Gea telefoantsjes binnen fan minsken dy't in ferwûne bist of in hart yn need sjoen ha. It hart dat no op de foto fêstlein is, is dus ek bekend by De Ree. "Twee weken terug kreeg ik de eerste melding."
Om aksje te ûndernimmen binne De Ree en syn kollega's lykwols ôfhinklik fan de Wild Beheer Eenheid (WBE) en de provinsje. "WBE is bevoegd om dieren in geval van nood af te schieten. Maar dat mogen ze pas als er een vergunning is verleend. En die aanvraag duurt vaak heel lang", leit De Ree út.
Yn tige útsûnderlike situaasjes mei in bist ek sûnder fergunning ôfsketten wurde, mar yn dy gefallen moat in spesjale ienheid fan de plysje derby wêze. Foar dy opsje wurdt sawat nea keazen, ûnder oare út praktysk eachpunt.
Als zo'n beest uit angst in de aanval gaat, maakt-ie gehakt van je.
De Ree: "Je loopt echt niet zomaar even naar zo'n beest toe. Een hert zo dicht naderen, dat je hem op een waardige en veilige manier kunt afschieten, is bijna onmogelijk. Zo'n beest ervaart al veel stress en slaat bij het minste of geringste op de vlucht. En geloof me, als zo'n beest uit angst in de aanval gaat, maakt-ie gehakt van je."
It bist hat it tried en touwen nammentlik yn it gewei sitten, mar kin noch wol fan syn plak komme.
Oerskot oan deimen
It hart dat no op de foto's fêstlein is, is neffens De Ree ek net it iennige bist dat yn need sit. Yn de bosken om Ketlik hinne is in oerskot oan deimen. Geregeld dûke se op by hûzen en pleatsen, dêr't se mei it gewei fêstreitsje kinne yn stekken of skriktried.
De Ree: "Een tijdje geleden heb ik nog een hert dat aan een hekpaal was komen vast te zitten, kunnen bevrijden. Dat beest kon geen kant op, dus dan kun je wat doen. Maar de meeste dieren lopen gewoon vrij rond, zijn gestrest en laten zich niet makkelijk vangen."
"Geloof me, we kennen het probleem. Maar het is te omslachtig geregeld in dit land om dit snel te kunnen oplossen."