Kin minister Wiersma mei 4,5 miljard yn 'e bûse de lânbouproblemen oplosse?
Wylst de boeren bûtendoar by himmel waar noch in snee oktobergers fan it lân helje kinne, mei lânbouminister Femke Wiersma hjoed en moarn har begrutting fan 4,5 miljard ferdigenje yn de Twadde Keamer. Yn it parlemint binne mar leafst twa dagen ynromme foar it begruttingsdebat.
Op woansdei komme fyftjin lânbouspesjalisten en fraksjefoarsitters oan it wurd oer de begrutting en oer de twa grutste problemen fan de lânbousektor: de strontkrisis en it lot fan de PAS-melders, dat binne boeren dy't bûten har skuld gjin fergunning hawwe. Minister Wiersma sil tongersdei reagearje op alle fragen en foarstellen út de Twadde Keamer.
Sûnder help en yngripen fan de oerheid driget in kâlde sanearring yn de melkfeehâlderij, tinke ferskate politike partijen. It CDA, GrienLinks/PvdA en de ChristenUnie wolle dêrom it lânbou-budzjet mei 5 miljard ferheegje om de boeren te helpen om oer te skeakeljen nei in duorsumer wize fan buorkjen.
Jild út it klimaatfûns
Twadde Keamerlid Eline Vedder (CDA) út Drinte wol it jild út it klimaatfûns helje. Mear jild is neffens Vedder needsaaklik om foar te kommen dat in soad boerebedriuwen kopke ûnder gean. "Als er geen geld is, dreigt een koude sanering."
Vedder hopet dat hjir in mearderheid foar te finen is en sjocht hjirfoar ûnder oare nei NSC en de VVD. De ekstra miljarden binne neffens Vedder nedich omdat it nije kabinet earder it beslút naam om it folle gruttere transysjefûns fan âld-minister Christianne van der Wal te skrassen.
De trije partijen wolle de 5 miljard ynsette foar ekstinsivearring, it oerskeakeljen nei biologyske produksje, ynnovaasje en it útkeapjen fan boeren dy't gjin perspektyf mear sjogge. "Laat het verdriet van deze boeren niet voor niets zijn. De ruimte die zij maken, kan jonge boeren een duurzame toekomst bieden", seit Vedder.
Tanimmende krityk
Yn dielen fan de boere-achterban nimt yntusken de krityk op minister Femke Wiersma ta.
Meindert Talma, hinnehâlder yn Twizelerheide en bestjoerslid fan boere-organisaasje LTO, is net bliid mei de maatregel fan Wiersma om de bisterjochten yn de hinne- en bargesektor 'ôf te rjemjen' mei 13 en 22 persint by ferkeap fan it bedriuw bûten de eigen húshâlding.
Neffens him hâldt de hinnesektor him hiel netsjes oan alle regels foar de strontproduksje dy't yn de wet steane en is it net earlik dat de hinnesektor no bliede moat omdat der te folle stront is yn de melkfeehâlderij.
"Dêr moat in oplossing foar komme. Hoe't dy der krekt út sjen moat, wit ik net. Dêr is de polityk foar. Mar dit doocht net en kin ús sektor hurd reitsje", seit hy.
Talma is tige teloarsteld dat de Keamerfraksje fan de BBB tiisdei tsjin it foarstel om gjin bisterjochten yn de hinne- en bargesektor 'ôf te rjemjen' stimd hat.
Sy hat goeie ideeën en ferstân fan saken. Je moatte dizze nije minister ek even de tiid jaan.
Ek Farmers Defence Force is kritysk oer it ôfrjemjen fan bisterjochten foar hinne- en bargehâlders. Neffens foaroanman Mark van den Oever is de BBB "de feeling met de boeren aan het kwijtraken". Hy ferwyt Wiersma dat se in 'links belied' fiert.
Ek positive lûden
Mar net alle boerebestjoerders binne sa negatyf. Melkfeehâlder Jan Teade Kooistra fan LTO Fryslân hâldt betrouwen yn Wiersma. "Sy hat goeie ideeën en ferstân fan saken. Je moatte dizze nije minister ek even de tiid jaan. Je kinne net fan har ferwachtsje dat se problemen dy't al jierren spylje yn hûndert dagen tiid oplost."
Neffens Kooistra is 2024 op himsels net iens sa'n min jier foar de melkfeehâlders. "De molkepriis is net min en it waar is op it heden ek noch knap. Wy hawwe eins mar twa problemen: de ôfbou fan de derogaasje (de Europeeske tastimming om mear stront út te riden as it Europeeske gemiddelde) en de posysje fan de PAS-melders."
De PAS-melders kinne neffens Kooistra allinnich holpen wurde troch de wet oan te passen. Dêr sit wol tiidsdruk op, want dizze bedriuwen meie noch mar oant healwei 2025 talitten wurde.
By de provinsje Fryslân hawwe harren earder 227 PAS-melders meld. In beheind part dêrfan wurdt holpen mei in spesjale subsydzjeregeling. Foar alle oare PAS-melders moat noch in oplossing socht wurde.
Regionale derogaasje
Foar it behâld fan derogaasje, tastimming om mear stront út te riden, wol minister Wiersma prate mei de nije Europeeske kommisje.
Kooistra sjocht wol wat yn regionale derogaasje. "De wetterkwaliteit is lang net oeral min. Op plakken dêr't it yn oarder is, soene je tastimming foar derogaasje jaan kinne. Ien algemiene maatregel foar hiel Nederlân is net reëel."