Kening en keninginne bringe rekôrtal besites oan Fryslân: tafal of sit der mear efter?
Sint Jabik, Heech, Murns, Hylpen, It Hearrenfean, Dokkum, Ljouwert en woansdei op 'e nij yn Ljouwert. De aginda fan it keninklik pear is de lêste moannen goed folle mei besites oan Fryslân.
Nea earder kamen de kening en de keninginne op safolle ferskate dagen yn ien jier nei ús provinsje ta.
Op woansdei stiet foar de kening in besite oan de Fryske Akademy, Tresoar en de Afûk op it programma. Hy komt foar in wurkbesite dy't yn it teken stiet fan de Fryske taal en kultuer.
Rolstoelfyts
It keninklik pear brocht yn 2024, apart faninoar, oant no ta seis ferskate besites. Sa wie de kening op 5 juny by Netwerkcentrum De Opstap yn Sint-Jabik en by Warm Heeg yn Heech. Op 4 septimber fierde er yn Murns, ûnder mear op in rolstoelfyts, it 75-jierrich jubileum fan de Nationale Vereniging de Zonnebloem.
Keninginne Máxima die op 18 juny de weriepening fan Museum Hindeloopen, liet har op 26 juny op It Hearrenfean en yn Ljouwert byprate oer de sirkulêre ekonomy en brocht op 19 septimber in besite oan Bouwgroep Dijkstra Draisma yn Dokkum.
Yn it ôfrûne kalinderjier die it keninklik pear yn twa dagen de Fryske eilannen oan en yn 2022 kaam Willem-Alexander allinnich nei it ôfskie fan Ireen Wüst en Sven Kramer yn Thialf. Yn 2021 stie der sels hielendal gjin besite fan it pear op it programma yn Fryslân, sa docht bliken út de offisjele aginda fan de Rijksvoorlichtingsdienst.
Is it tafal dat Willem-Alexander en Máxima Fryslân ynienen sa goed witte te finen of sit der mear efter?
"It wie my noch net opfallen", seit keningshûssaakkundige Bearn Bilker. "Mar sân besites binne yndie wol in soad."
"Sûnt de coronakrisis bringe de kening en keniginne folle mear 'flitsbesites'. Dus ik tink dat it dêrmei te krijen hat", seit Bilker. "Fierder sit der neat efter. Der wurdt hiel sekuer sjoen nei de ferdieling. As de kening hiel faak nei Fryslân komt en net nei Drinte, dan sille se der dêr hiel gau wat fan sizze."
Alwer in royal yn ús provinsje? Kening en keninginne bringe dit jier rekôrtal besites oan Fryslân
De plakken dêr't de kening en keninginne hinne geane, wurde yn earste ynstânsje foarsteld troch de keamerhearen fan de kening. Dêrfan hat er yn elke provinsje ien.
"Sy witte wat der libbet yn de mienskip en komme dan mei suggestjes", seit Bilker. "De kommissaris fan de Kening is dêr ek wichtich by. Ik tink bygelyks dat we de besite oer de Fryske taal en kultuer oan kommissaris Brok te tankjen hawwe. Hy fynt dat in wichtich tema."
Dy keamerhearen sille it keninklik pear der dan ek fêst op wiisd hawwe dat der noch fjouwer Fryske gemeenten binne dy't noch altyd wachtsje op in besite fan Willem-Alexander en Máxima.
Dantumadiel, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf stienen oant no ta noch nea op de offisjele aginda.
Mar dat soe noch wolris in skoftke duorje kinne. "We meie as Fryslân dit jier net kleie", seit Bilker. "It kin bêst wêze dat se de kommende tiid dan efkes net komme."