Omrop Fryslân

Boaiem sa soer as jittik; bosk stiet op omfallen

Restant fan in stam
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De boaiem ûnder trije boskgebieten fan It Fryske Gea is bot fersuorre. Yn it Ketliker Skar sit safolle ammoniak yn de grûn dat de bosk op omfallen stiet. De problemen spylje ek yn it Rysterbosk en de Lendebosk by Aldeberkeap.
Stichting Bargerveen hat ûndersyk dien nei de sânboaiem yn dizze trije bosken. It ûndersyk is betelle troch de provinsje. Yn it Ketliker Skar is der ek nochris ekstra ûndersyk dien. By It Fryske Gea skrokken sy fan de resultaten.
Distriktshaad Michel Krol: "De ferskillende parameters dy't ûndersocht binne, wiene eins allegearre reade flaggen. De grûn is folle soerder as je wolle. Der sit in hiel soad ammoniak yn de boaiem en der sit ek folle frij aluminium yn de boaiem. Dy dingen by elkoar meitsje wol dat wy ús hiel bot soargen meitsje."

Giftich

Dat frij aluminium is giftich foar in hiel soad planten. Wa't yn it boskgebiet in kuier makket, sjocht ek in soad deade beammen en in protte dea hout op de grûn. "Hjir stiet de bosk wol op omfallen", sa jout Krol oan.
"De gearwurking mei skimmels wurdt beynfloede troch dizze situaasje en wy ha fansels ek in oantal jierren hân wêrby't it ferskriklik drûch wie yn de simmer. Dat helpt ek absolút net mei foar de fitaliteit fan de beammen. Der is wat dat oanbelanget wol in hiel soad oan 'e hân dêr't de bosk him op oanpasse moat.
Boskboaiem sa soer dat de beammen deagean
Dizze situaasje is dus ek net fan de iene op de oare dei ûntstien, seit Krol. "Dit spilet fansels al fyftich jier. Dêrby moatte je net ferjitte dat der ea in enoarme swevellêst west hat. Eltsenien kin de soere rein fansels wol. Wy ha noch hieltyd lêst fan dy effekten. Eins is it in soarte fan optelsom dy't derfoar soarget dat de amer oerrint."

Modellen

Der is ek no noch útstjit fan stoffen, lykas stikstof, dy't yn de boaiem bedarret. Koartlyn kaam troch mjitûndersyk fan de Wageningen Universiteit noch nei bûten dat der yn in soad Nederlânske bosken mear stikstof fûn is as de modellen foarsein hawwe.
Omfallen deade beammen
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar strukturele oplossings moatte je op ferskillende boarden tagelyk skake, seit Krol. "Ek al soe der no gjin inkelde útstjit mear wêze, fan hokker stof dan ek; ek dan is de situaasje troch de histoaryske belesting gewoan ysbaarlik."
"Dat betsjut dat der in oantal saken barre moatte", giet Krol fierder. "Dat is in opknapstrategy op de boaiem sels en tagelyk moatst ek sjen nei hoe't je dy delslach fan al dy stoffen ferminderje."
Foar it boaiemwerstel wurdt no nei stienmoal sjoen. Dat is makke fan hiel fyn ferpulvere rotsen. "Stienmoal hat in oantal spoare-eleminten yn him dy't gewoanwei yn de boaiem sitte, mar dy't foar in grut part troch de soerte útspield binne", seit Krol. Dat giet bygelyks om kalsium en magnesium. Beammen binne dêrfan ôfhinklik.

"Moannelânskip"

Der is allinnich ien probleem, sa wit Krol: "De dosearring dy't wy tapasse moatte om wer op in natuerlike útgongssituaasje te kommen, is ferskriklik heech. Dat jout in hiel soad praktyske problemen. It materiaal oanbringe is al lestich en mei safolle stienmoal wurdt it ek nochris in soarte fan heal moannelânskip. Dat wurdt noch hiele in puzel foar ús."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.