Omrop Fryslân

De hjersttips fan Fryske bioskoopmeiwurkers: "Dit is iets wat heel bijzonder is"

De bioskoop fan Pathé yn Ljouwert
© Pathé Nederland
Mei de simmer einiget ek it blockbusterseizoen. Mar ek yn de hjerst binne der genôch films te sjen. Nei hokker films sjogge Fryske bioskoopmeiwurkers út?
In animaasjefilm, in dokumintêre, in muzikale stripboekferfilming, in Fryske aktrise en live muzyk, der stiet fan alles op it programma.
Jan Paul Beverwijk ûntfangt de miljoenste besiker fan Pathé Leeuwarden
© Pathé Nederland

Jan Paul Beverwijk (Pathé Leeuwarden)

Jan Paul Beverwijk wurket al 15 jier by Pathé. Earst yn Grins en dêrnei yn Ljouwert sûnt de âlde Tivoli en Cinema-bioskopen ûnderdiel fan Pathé binne.
Ien film útkieze is foar Beverwijk te lestich. Foar bern riedt er 'The Wild Robot' oan. Dêryn strânet in robot op in ûnbewenne eilân. Dêr komt sy yn kontakt mei de bisten dy't dêr libje.
"Het is ontzettend mooi geanimeerd en ziet er spectaculair eruit", seit Beverwijk.
Hy tinkt dat folwoeksenen har ek net ferfele by de film. "Animatiefilms zijn echt niet meer alleen voor kinderen. Ik hoor heel veel collega's die hem dolgraag willen zien."
'The Wild Robot'
© Universal Pictures International Nederland
Foar folwoeksen tipt Beverwijk ek 'Joker: Folie à Deux', in ferfolch op de goed ûnthelle, mar kontroversjele earste Joker-film út 2019.
"Ik kijk er met hooggespannen verwachtingen naar uit", seit Beverwijk.
Oars as it earste part is 'Folie à Deux' in musical. "Musicals zijn persoonlijk niet mijn favoriet, maar het kan soms heel goed werken. In de trailer zit veel tekst, dus ik verwacht dat er maar een paar musicalnummers in zullen zitten."
'The Wild Robot' is no yn foarpremjêre yn it Nederlânsk of it Ingelsk, 'Joker: Folie à Deux' draait fan 3 oktober ôf.
Edukaasjemeiwurker Frank Hitman fan Slieker Film
© Frank Hitman

Frank Hitman (Slieker Film)

Goed twa jier wurket Frank Hitman by Slieker Film as edukaasjemeiwurker. Hjir leart er skoalbern alles oer films.
"Een film is een grote reeks van allerlei keuzes van de filmmaker. Wij vinden het belangrijk dat kinderen kritisch leren kijken en snappen hoe het medium film in elkaar steekt."
Hitman hâldt fan films dy't minsken meinimme nei in oar plak of tiid, en fynt it moai om dit te dielen mei jongelju. Dêrom tipt er ek de spesjale foarstelling fan de film 'Tabu' út 1931.
'Tabu'
© Friedrich-Wilhelm-Murnau-Stiftung
De film spilet him ôf op in min te berikken Polynesysk eilân en giet oer in ûnmooglike leafde. De foarstelling wurdt begelaat troch livemuzyk.
"Dat laat je stilstaan bij de kracht van film in de filmzaal. Je kan thuis een groot scherm installeren, maar wat wij in het filmhuis aanbieden, dit is iets wat heel bijzonder is. Heel vroeger was er standaard live muziek bij films, Ik vind het hartstikke mooi dat dat in ons programma nog steeds gebeurt."
De spesjale fertoaning fan 'Tabu' is foar ien kear te sjen by Slieker op 2 oktober.
Griet Jonkman presintearret it filmoanbod fan De Bios Drachten
© Griet Jonkman

Griet Jonkman (De Bios Drachten)

As Griet Jonkman, al 15 jier by Bios Drachten oan it wurk, de fraach krijt nei hokker film sy it measte útsjocht, is it efkes stil. Alle films eins, mar der moat in kar makke wurde.
Sy fynt ek 'The Wild Robot' dé bernefilm fan dizze hjerst. "Een hartverwarmend verhaal over zelfontdekking, waarin op een boeiende manier wordt gekeken naar de brug tussen technologie en natuur."
Mikey Madison yn 'Anora'
© Universal Pictures International Nederland
Dêrneist tipt se 'Anora', de Gouden Palm-winner fan it Cannes Film Festival.
"Anora is een jonge sekswerker uit Brooklyn. Ze lijkt haar droom te laten uitkomen door met de zoon van een Russische oligarch te trouwen. Maar zal het sprookje slecht aflopen als zijn ouders naar New York afreizen om het huwelijk nietig te laten verklaren?"
Ek neamt Jonkman 'Rokjesnacht' fan Johan Nijenhuis, fanwege Fryske aktrise Bertrie Wierenga: "In fantastyske rol."
'Anora' is fan 31 oktober ôf te sjen, 'Rokjesnacht' draait fan 3 oktober ôf.
Aliëtte Miedema fan Theater De Lawei
© De Lawei

Aliëtte Miedema (De Lawei)

Sûnt begjin ferline jier is Aliëtte Miedema mei ferantwurdlik foar de programmearring en projektorganisaasje by De Lawei yn Drachten.
"Ik kijk erg uit naar 'De Wilde Noordzee'. De maker van de film dook meer dan duizend keer in de Noordzee om ons een prachtig kijkje onder water te geven."
'De Wilde Noordzee' is in Nederlânske dokumintêre oer ûnderwetterfilmer Peter van Rodijnen en syn ûntdekkingstocht nei it ûnbekende fan de Noardsee.
'De Wilde Noordzee'
© Peter van Rodijnen
Yn de simmer giet Miedema graach op fakânsje nei Flylân of Skylge.
"Maar de Noordzee is natuurlijk veel groter dan wat grenst aan onze Nederlandse en Friese kust, het strekt tot Schotland en Noorwegen. Eigenlijk ben ik wel nieuwsgierig naar wat er allemaal in dat grote water leeft."
Neffens Miedema is it wichtich dat in film as 'De Wilde Noordzee' oandacht krijt.
"De natuur onderwater heeft het moeilijk vanwege vervuiling en overbevissing, hier maak ik me wel zorgen over. Ik hoop dat wanneer we kunnen zien wat er voor bijzonders allemaal leeft onderwater, we er meer respect voor zullen krijgen."
'De Wilde Noordzee' is 4, 5 en 6 oktober te sjen yn De Lawei, en earne oars op oare dagen.
Tim Postma foar in display fan Gladiator II
© Omrop Fryslân

Tim Postma (CineSneek)

Al hast de helte fan syn libben wurket Tim Postma by CineSneek. Hy begûn as 19-jierrige efter de bar, mar stiet tsjintwurdich efter de skermen as operateur.
"Mensen denken altijd 'druk op play en de film start', maar voordat het zover is moeten er een hele hoop dingen geregeld worden."
Postma is it iens mei Beverwijk dat 'The Wild Robot' dé bernefilm fan dizze hjerst is. "Dit is de film die eruit springt."
Ek hy kin it net by ien film hâlde. Hy neamt 'Venom: The Last Dance', 'Mufasa: The Lion King', 'The Lord of the Rings: The War of the Rohirrim'. Mar it is dúdlik oan him te fernimmen dat er it meast nocht hat yn 'Gladiator II'.
Pedro Pascal yn 'Gladiator II'
© Paramount Pictures Nederland
Postma wie tsien doe't it earste diel útkaam yn 2000. Hy hie de film graach yn de bioskoop sjoen en sjocht dit as in soarte fan twadde kâns.
"Zulke films zijn echte bioscoopfilms. Dat zijn de films die zijn gemaakt voor het grote doek."
'Gladiator II' giet fierder mei de pakesizzer fan de keizer út it earste diel. In ferhaal fol wraak, yntriizje en spektakulêre gefjochten yn it Colosseum fan Rome.
'Gladiator II' is fan 14 novimber ôf te sjen.

Op hokker dagen en tiden binne de films krekt te sjen?

It folsleine programma fan de bioskopen en filmhuzen wurdt faak pas in wike yn it foar bekend makke, sjoch foar de aktuele programma's op harren websiden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.