Omrop Fryslân

Seis oanhâldingen nei stekynsidint yn sintrum fan Ljouwert

De helptsjinsten op it Ruiterskwartier
© Kappers Media
De plysje hat seis minsken oanhâlden foar it stekynsidint op it Ruiterskwartier yn Ljouwert fan juster. By dat ynsidint rekken twa minsken ferwûne.
Juster melde de plysje noch dat fjouwer minsken oanholden wienen, mar yntusken binne dat der dus seis.
De oanhâlden minsken binne in 24-jierrige man út de gemeente Ljouwert, in 19-jierrige man út de gemeente Tytsjerksteradiel, in 18-jierrige man út de gemeente Grins en trije minderjierrigen út Ljouwert.
It ynsidint barde juster om 15.45 oere hinne. Twa persoanen binne ferwûne rekke. De plysje ûndersiket de tadracht en oanlieding fan de stekpartij.
Minsken dy't ynformaasje hawwe oer it stekynsidint, kinne harren melde by de plysje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.