Omrop Fryslân

HEA! Felix is fereale op de fifties: "Vroeger had je kleur"

HEA! Felix en de fifties
Felix Verbraak is hielendal gek fan alles wat mei de 50'er jierren te meitsjen hat. Hy fynt benammen de styl fan doe moai. "Vroeger had je kleuren, tegenwoordig is alles zo saai en dat zie je al aan de auto's. Die zijn tegenwoordig allemaal zwart en grijs".
It begûn allegear mei it finen fan in Amerikaanske kuolkast oan 'e kant fan de dyk en no hat hy in hiele samling kuolkasten, jukeboxen en benzinepompen. Verbraak is mei syn partner Ans van Stein krekt ferhuze fan it Limburchske Broekhuizen nei De Gordyk en hat hjir in winkel iepene: de Fifty's Shop.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.