Omrop Fryslân

Fegebart wint Liet en giet foar Fryslân nei it Regio Songfestival

Fegebart sjongt harren ferske 'Bingojûn'
© Omrop Fryslân
Fegebart hat de finale fan Liet 2024 wûn mei it nûmer 'Bingojûn'. De band fertsjintwurdiget Fryslân op it Regio Songfestival op 9 novimber yn Maastricht.
De band Fegebart wie ien fan de acht finalisten dy't jûn optreden hawwe yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. It ferske fan harren giet oer in bingojûn dy't wat út de hân rint.
Fegebart krige yn totaal 46 punten fan de sjuery en einige dêrmei mei in romme ôfstân boppe Haitze, dy't 30 punten fertsjinne.
It momint wêrop't bekend makke wurdt dat Fegebart wûn hat
De bandleden fan Fegebart binne út de skroeven mei de winst. "Dit is geweldich. Wy binne hjir hiel wiis mei. Tige tank oan eltsenien", sprekke se.

Fegebart wint ek Gryt van Duinen-tekstpriis

Fegebart wûn mei harren ferske ek de Gryt van Duinen-tekstpriis foar de moaiste tekst fan alle ferskes. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje.
Harkje hjir nei it ferske 'Bingojûn' fan Fegebart
Hannah Hoogsteen makke it poadium kompleet. Sy helle 28 punten.

De einútslach fan Liet 2024

Einposysje Artyst Nûmer Tal punten
1 Fegebart Bingojûn 46
2 Haitze Thús 30
3 Hannah Hoogsteen Tegearre begjinne 28
4 Albert Meijer Bosk 27
5 Lotte & Berend Bring my werom 25
6 Elise Westerhof Eigen wei 20
7 André van der Weide De dei fan hjoed 14
8 Pietrik & Trynke Tinzen 5
De folsleine útstjoering fan Liet

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.