Ydwer rûn dwerslaesy op, mar folbringt Alvestêdetocht: "Ik kreeg weer een gevoel van vrijheid"
Alle jierren dogge tûzenen minsken de Alvestêdetocht op de fyts, mar op de handbike fiele dy goed 200 kilometer hiel oars. Omdat Ydwer van der Heide it net mear op in gewoane fyts dwaan kin, gong er de útdaging oan. Dat gie net sûnder tsjinslaggen.
Trijenheal jier lyn gie it hielendal ferkeard foar fotograaf Ydwer van der Heide, dy't opgroeid is yn Snits. Hy bedarre by in surfûngelok mei de holle op in sânbank. 'Incomplete dwarslaesie' wie de diagnoaze.
Hy kin no noch in bytsje stean mei wat help, mar fytse? Dat slagget net mear.
"Het gevoel dat ik alles weer aankon"
By syn refalidaasje kaam er yn 'e kunde mei de handbike. Sa docht er no al in pear jier mei oan de 'handbikebattle' yn Eastenryk. Dat is 20 kilometer mei hast 1.000 hichtemeters. "Toen kreeg ik het gevoel dat ik alles weer aankon."
Mar mear as 200 kilometer hie er noch nea dien. In alvestêdetocht wie dus in hiele útdaging: "Ik ben een beetje gek in m'n hoofd", seit er.
Suppe as ynspiraasje
Hy kaam net samar op it idee. "Al voor mijn ongeluk fotografeerde ik de Sup Elfstedentocht, dat wordt georganiseerd door mijn vriendin. Iedere keer werd ik zo geïnspireerd door die mensen. Alleen is suppen niet helemaal mijn sport."
It ûngelok
Yn febrewaris fan 2021 gong Van der Heide te surfen yn syn wenplak Noordwijk. Hy foel fan syn surfplanke mei de holle op in sânbank. Hy fielde pine yn 'e nekke en koe net mear bewege. Freonen hellen him út it wetter en soargen dat er nei it sikehûs koe.
Dêr waard dúdlik dat er in dwerslaesy oprûn hie, fan ûnder it boarst. In lange refalidaasjeperioade folge, wêryn't Van der Heide stadichoan mear krêft yn syn hannen en fuotten weromkrige.
Foardat er syn ûngelok krige, reizge er 15 jier lang de wrâld oer om foto's te meitsjen foar merken as Red Bull. Hy brûkte de tiid fan syn refalidaasje om de tûzenen foto's fan kitesurfers te bondeljen yn it fotoboek Unseen. Dat brocht er yn 2022 út.
Sawysa wie Van der Heide nea echt in doersporter, oant corona. "Toen begon ik met hardlopen en fietste ook wel veel."
Nei syn ûngelok befoel de handbike goed. "Die snelheid kwam overeen met hardlopen in het begin, en ik kreeg echt weer een gevoel van vrijheid."
Van der Heide waard hieltyd sterker en it fytsen gie hurder. "Het zit nu wat tussen hardlopen en fietsen in. Het sterker worden merk ik trouwens ook in mijn dagelijks leven, bepaalde taken gaan me veel makkelijker af nu."
Tour werom nei de roots
Van der Heide wennet yn Noordwijk, mar kaam dit wykein werom nei Fryslân foar dy alvestêdetocht, as persoanlike útdaging. "Ik ben terug naar mijn roots gegaan", fertelt er.
"In Sneek, waar ik geboren ben, heb ik een kleine omweg gedaan langs het huis waarin ik ben opgegroeid. In Leeuwarden fietste ik langs mijn oude school, en in Mirns heb ik veel herinneringen aan het kitesurfen."
Plaspauzes fan tsien minuten
Yn totaal die Van der Heide 25 oeren oer 215 kilometer. "Net wat langer dan ik had gedacht, 22 uur was mijn doel. Maar de pauzes duurden wat langer dan gedacht."
Aan het einde van de nacht, na Franeker, zat ik er echt even erdoorheen.
De handbiker sit mei syn dwerslaesy nammentlik ek mei kateters dy't er meinimme moat. "En ik moet genoeg drinken, dus een plaspauze is twee keer per uur en dan was ik zo'n tien minuten per keer kwijt."
De nacht wie it dreechst. "Je kunt dan niet zover kijken, het is alsof je tegen een muur aan kijkt. Je moet constant focussen, dat is echt zwaar. Aan het einde van de nacht, na Franeker, zat ik er echt even erdoorheen. Alles deed pijn."
Nettsjinsteande syn dwerslaesy kin er noch wol wat fiele. "Het is een bepaald verstoord gevoel. Pijnprikkels voel ik niet of niet op tijd. Wel zenuwpijn, stijfheid en een verdoofd gevoel. Die pijn zat overal, dat komt ook door het lange zitten."
Oar soart selsstannichheid
Troch de útdaging hat er ek mentaal fan alles belibbe. Gewoanwei helpt syn freondinne him mei in soad dat er sels net kin. "Daar hoef ik maar een woord mee te wisselen en ze begrijpt me."
Mar dy wie no drok mei dy Sup Elfstedentocht. Dêrom hie Van der Heide dizze kear twa freonen dy't er fertrouwe moast. Sy moasten him fan iten foarsjen en ûnderweis helpe.
"Ik heb veel gekke dingen gedaan, maar wel vaak met haar. Dit was echt uit mijn comfortzone, het is een andere soort zelfstandigheid."
Van der Heide wol as folgjende útdaging ek wer út syn comfortzone. "Bijvoorbeeld een fietsroute met een overnachting die ik dan helemaal zelf doe."
Troch mei fotografy
Hy fotografearret ek noch altyd, mar wol mei in oar perspektyf. Fan syn rolstoel út. "Ik leg nog steeds graag beweging vast. Soms is dat vaag, soms ben ik te laat, maar vaak is dat niet erg."
Hy nimt ek hieltyd faker syn kamera mei op de fyts en hat sels lêsten it wetter fan Warkum wer yn west foar in koarte dokumintêre.
Sa is er ek noch dwaande mei in oare grutte dream: ris in eksposysje of boek meitsje fan foto's dy't er nei syn ûngelok makke hat.